Húsdokter Maats op De Gordyk: "Stilte voor de storm, er staat iets te gebeuren"

26 mrt 2020 - 22:44

Yn de praktyk fan húsdokter Bart Maats waarden twa wiken ferlyn de earste coronabesmettingen fan Fryslân fêststeld. Yn de ôfrûne wiken pakten in soad fan syn pasjinten de telefoan om harsels yn te ljochtsjen oer it firus. Op it stuit is it rêstich yn de praktyk, mar neffens Maats nimt it tal pasjinten de kommende tiid flink ta. "Je hoort veel de beschrijving: 'stilte voor de storm'. Er staat iets te gebeuren."

Húsdokter Bart Maats - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Het is heel gek, het was in de praktijk in de afgelopen twee weken heel stil", fertelt Maats, dy't op De Gordyk syn praktyk hat. De ôfrûne wiken holp er syn pasjinten benammen oer de telefoan. Boppedat krigen Maats en syn kollega's in soad telefoantsjes mei fragen oer it coronafirus, fertelt er. Yn fysyk opsicht wie it dus in stik rêstiger yn syn praktyk.

Taname

Mar dat sil net lang sa bliuwe, tinkt Maats. "De komende weken zullen we een toename zien van het aantal patiënten, ook in de huisartsenpraktijk. De vraag is: in welke mate gaat dat zijn? We hebben ons er de afgelopen twee weken op kunnen voorbereiden en ik denk dat iedereen daar heel serieus mee aan de slag is geweest. Nu komt het eropaan."

Maatregels

Maats hat guon saken yn syn praktyk alfêst oanpast om it tanimmende tal pasjinten de kommende tiid helpe te kinnen. Moarns sil hy de pasjinten sjen dy't foar oare klachten komme, sy hawwe gjin koarts. "De patiënten die mogelijk ziek zijn, die koorts hebben, hoesten of verkouden zijn, zien we 's middags in een aparte spreekkamer en aparte wachtkamer", leit Maats út. "We hebben daar allemaal beschermende kleding en brillen en kapjes voor, om deze patiënten dan te onderzoeken."

Ek yn syn praktyk sille guon minsken thús wurkje, sa as de praktykferpleechkundige. Maats neamt it maatregels "die we hebben genomen om net als buiten contact met mensen te voorkomen."

Húsdokter Bart Maats

(advertinsje)
(advertinsje)