Jeffrey Scharbaai (44) takom seizoen trainer fan VC Snits

Jeffrey Scharbaai wurdt de nije trainer fan it frouljusteam fan VC Snits. De 44-jierrige Scharbaai wie de ôfrûne trije jier assistint by Team Eurosped út Vroomshoop. Scharbaai wurdt de opfolger fan Henriette ter Steege, dy't it wurk yn novimber oernaam fan Paul Oosterhof.
VC Snits it ôfrûne seizoen, doe noch ûnder lieding fan Henriette ter Steege © www.orange-pictures.nl
Scharbaai, dy't út Delden komt, hie al langer de ambysje om haadcoach te wurden fan in ploech yn de earedifyzje, skriuwt VC Snits op de klupwebside. Ter Steege bliuwt by de klup as assistint, en ek Jurjen de Jong bliuwt ûnderdiel fan de technyske stêf.
Scharbaai en Ter Steege kenne elkoar al sûnt de jierren 90, doe't se by Arke Pollux sieten. Dêr begûn Scharbaai ek oan syn trainerskarriêre. Dêrnei gong er oan de slach by Krekkers, Apollo 8 en Rivo Rijssen. Trije jier lyn kaam er werom by Team Eurosped, de nije namme fan Arke Pollux.

Stap omheech

VC Snits hopet dat se mei Scharbaai as trainer in stap omheech sette kinne. Foardat de follybalkompetysje stil begûn te lizzen troch it coronafirus, stie VC Snits op it fjirde plak yn de kampioensgroep. It follybalbûn hat yntusken al besletten dat it seizoen net ôfmakke wurdt.