Driuwend ferlet fan skelken yn Snitser sikehûs: "Der is net in soad materiaal mear"

"We ha noch mar foar trije of fjouwer dagen op foarried lizzen." It boadskip fan Frans Faber fan it Snitser Antonius Sikehûs is dúdlik: se ha dêr driuwend skelken nedich om coronapasjinten te behanneljen. "De situaasje is hiel 'nijpend'. Alternativen binne der hast net."
It Antonius Sikehûs yn Snits © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
De skelken dy't se nedich hawwe, hawwe lange mouwen en bedekke it hiele lichem. Boppedat stjitte se wetter ôf. "We sitte der echt om te springen", seit Faber, dy't clustermanager is. "Dus as minsken noch fan dy skelken lizzen ha, dan binne se hiel wolkom."
Faber hat gjin idee wêr't dy skelken wei komme moatte. "Bedriuwen ha ek al mûlekapkes nei de sikehûzen brocht, dus miskien ha se ek noch wat skelken lizzen? Ik wit it net. Der is net in soad materiaal mear."
Nettsjinsteande it oansteande tekoart oan skelken is de sfear yn it Antonius noch goed. "De saamhorichheid is grut, elkenien set de skouders derûnder", seit Faber. "Minsken binne hiel belutsen by de pasjinten."
It is wol spannend, alles is nij.
Frans Faber oer it wurk yn it Antonius Sikehûs dizze tiid
Se ha yn it Antonius twa intensive care-ôfdielingen: ien foar coronapasjinten en ien foar net-coronapasjinten. "It is dêr aardich drok, mar we ha it noch ûnder kontrôle. Mar it is wol spannend, alles is nij. En we wurkje op nije plakken, bygelyks op sa'n spesjale ôfdieling foar coronapasjinten. Dat makket dat elkenien wol wat út de rûtine is, mar it is prachtich om te sjen hoe't elkenien dat oppakt. Hiel profesjoneel", beslút Faber.
Frans Faber fan it Antonius Sikehûs