SC Cambuur-klupheld Jan Bruin wurdt scout

Jan Bruin giet fan takom seizoen ôf fierder as scout by SC Cambuur. De âld-spits fan de Ljouwerters is no noch trainer fan de beloften, mar dy ploech ferdwynt. Dêrfoar komt in ûnder 21-ploech yn it plak. Dy krijt in oare coach. Bruin is ek noch trainer fan sneonsearsteklasser VV Balk.
© Orange Pictures
It is de bedoeling dat de kompetysje foar ploegen ûnder de 21 jier har wedstriden op sneon spilet. Dat falt foar Bruin dan net te kombinearjen mei it wurk by VV Balk. Boppedat hat de âld-spits net de fereaske papieren foar it nije team.
Technysk manager Foeke Booy fan Cambuur is bliid dat Bruin taheakke wurdt oan it scoutingsapparaat. Dat is Booy wer oan it útbouwen. Yn de finansjeel drege jierren is dat troch de klup op in leger pitsje set.
Tsien seizoenen lang spile Jan Bruin yn totaal yn it giel-blau fan Cambuur. Hy groeide ûnder de supporters út ta in held en is kluptopskoarder fan alle tiden by de Ljouwerters. De lêste jierren hat de berne Amelanner ferskate funksjes hân, sa as assistint-trainer by it earste alvetal en no dus coach fan de beloften.