Gemeente Harns fernuvere oer skraste Fiskerijdagen: "Slag om de arm houden"

26 mrt 2020 - 18:32

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Harns is fernuvere oer de berjochten dat de organisaasje fan de Fiskerijdagen it evenemint foar dit jier skrasse sil. Dat skriuwt boargemaster Sluiter yn namme fan it kolleezje. De gemeente hat sels offisjeel noch neat heard fan de Stichting Visserijdagen Harlingen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It kolleezje hopet dat de corona-beperkings ein augustus foarby binne en tinkt dat Harns tsjin dy tiid wol ferlet hat oan in aardich evenemint. Fierder tinkt it kolleezje dat de Fiskerijdagen in goed momint binne om de hoareka, dy't no stilleit, wat te stypjen.

'Slag om de arm'

"We moeten even een slag om de arm houden. De crisis moet inderdaad achter de rug zijn en het moet niet zijn uitgelopen op een zo grote catastrofe dat een feest niet passend is. Maar als dat allemaal niet het geval is, dan is het goed nu reeds te bekijken wat we kunnen doen om na 60 jaar succesvolle Visserijdagen eind augustus niet helemaal stil te vallen", skriuwt de gemeente.

De gemeente nûget op koarte termyn in tal fan belangrike minsken yn de Harnzer evenemintewrâld út om te sjen wat se dwaan moatte om it evenemint troch gean te litten.

(advertinsje)
(advertinsje)