Oprop sirkus Renz kriget gehoar: karren oan bistefretten donearre

26 mrt 2020 - 18:01

Nei de oprop fan Circus Renz dat se fêst steane yn Drachten en help nedich hawwe, is it mailadres dêr't minsken op reagearje koene ûntploft. Tsientallen minsken hiene fragen hoe't it mei de famylje Renz gie of bieden harren help oan. Ek Tjitske Tjoelker fan Rottefalle lies it ferhaal en fûn dat se wat dwaan moast: "It like my moai om as boeren en út de LTO wei wat te betsjutten foar dizze minsken."

LTO Smellingerlân waard ynskeakele en sa begûn de bal hurd te rôljen. "We ha tusken 12.00 en 13.00 oere 25 kear telefoan hân. We ha de hiele buert optromme", fertelt foarsitter Geert Feenstra.

Mei yn totaal seis grutte striepakken sette de shovel útein nei Drachten, dêr't de famylje Renz se bliid op te wachtsjen stie. "We zijn de mensen dankbaar. Geweldig dat iedereen elkaar zo helpt in deze tijd", fertelt Sarina Renz. Mei de nije foarrie kin de famylje har bisten wer in oantal wiken foarút helpe, mar Sarina is der noch net hielendal gerêst op: "We kunnen nooit genoeg krijgen, je weet niet hoelang deze situatie blijft."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Help is neffens de famylje noch altyd wolkom. Minsken kinne maile nei laulirenz88@gmail.com.

(advertinsje)
(advertinsje)