Twa loadsen yn Ljouwert ticht om himptylt

26 mrt 2020 - 17:36

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat twa loadsen sletten oan de Greunsweg yn de stêd. Yn dy loadsen waard yn novimber in himpkwekerij fûn, mei 197 grutte planten en 60 lytse.

Foto: Kappers Media

Dêrnjonken wie der materiaal foar profesjonele himptylt yn in loads, dy't by in âlde jachthaven lei.

Boargemaster Buma hat dit jier, ynklusyf dizze twa loadsen, tsien gebouwen sletten op basis fan de Opiumwet.

(advertinsje)
(advertinsje)