Van Deelen fuort by Cambuur; Akoy, Bangura en Van der Kaap bliuwe

26 mrt 2020 - 17:30

Sportklup Cambuur giet net fierder mei Jordy van Deelen. De 26-jierrige rjochtsback hie in ôfrinnend kontrakt, dat net ferlinge wurdt. Van Deelen hat in grut part fan it foarige en hjoeddeistige seizoen mist troch in knibbelblessuere. Kellian van der Kaap, Stanley Akoy en Alex Bangura krije wol kontraktferlinging.

Foto: Orange Pictures

Van Deelen spilet sûnt 2016 by Cambuur. Yn syn earste twa seizoenen spile er hast alles, mar de lêste seizoenen goaiden blessueres roet yn it iten. Ferline jier lei er lang út 'e rûlaasje mei in krúsbânblessuere en dit seizoen rekke er der betiid út mei in knibbelbânblessuere. Van Deelen fynt it spitich dat er net by Cambuur bliuwe kin: "Ik baal ervan en ben teleurgesteld. Ik heb twee keer pure pech gehad met blessures."

Technysk manager Foeke Booy oer it net ferlingen fan it kontrakt fan Van Deelen: "De keuze om het contract van Jordy van Deelen niet te verlengen was gezien zijn positieve persoonlijkheid en staat van dienst bij de club zeker moeilijk, maar hierin hebben we samen met de staf een afweging gemaakt en ervoor gekozen om al vroeg duidelijkheid te scheppen", fertelt er op de webside fan de klup.

Trijetal

Van der Kaap, Akoy en Bangura meie wol langer by Cambuur bliuwe. Harren ôfrinnende kontrakt hie in iensidige opsje, dy't de Ljouwerters ljochte hawwe. Booy: "De onzekerheid die er momenteel heerst en dat we nog niet weten waar we aan toe zijn maakt dat het dit keer extra lastig was. Toch hebben we knopen door moeten hakken en zijn we blij dat we met drie talentvolle spelers door kunnen naar het seizoen 2020/2021."

(advertinsje)
(advertinsje)