Buma: ek yn Fryslân kin der hanthavene wurde op coronaregels

26 mrt 2020 - 17:14

De regels dy't it kabinet al bekendmakke hat om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean, kinne tenei better hanthavene wurde. De foarsitters fan alle feiligensregio's yn it lân hawwe dat ôfsprutsen. Dan giet it om it mei trije of mear minsken byinoar kommen en it net hâlde oan de 1,5 meter ôfstan tusken persoanen. Minsken kinne in boete krije fan 400 euro.

Boargemaster Buma foar in petear mei minister Grapperhaus oer it coronafirus - Foto: ANP

De regels jilde foar eltsenien, mei útsûndering fan húshâldingen en bern fan ûnder de 12 jier mei in begelieder. As der in melding binnenkomt fan bygelyks in grutter feest by ien yn 'e hûs, sil dêr ek op hanthavene wurde.

Sybrand Buma is njonken boargemaster fan Ljouwert ek foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân. Hy hat tongersdei ferskate oerlizzen hân. "Yn de moarntiid ien mei alle lanlike foarsitters fan de Veiligheidsregio's om de ôfspraken fan it kabinet oer it hanthavenjen yn needferoarderingen fêst te lizzen. Dêrnei wie der oerlis mei de boargemasters yn de regio en provinsje. En as lêste oerlis tusken de foarsitters fan de Veiligheidsregio's yn Grinslân en Drinte, sa't wy yn it noarden safolle as mooglik itselde dogge," seit Buma.

Hanthavening

It giet dan benammen om it hanthavenjen fan de regels, seit Buma mei klam. "It is net sasear in oanskerping fan de regels, mar mear it hanthavenje kinne fan wat der al ôfsprutsen is. De ôfspraak is dat je net yn groepen byinoar komme en dat je de 1,5 meter ôfstân hâlde. De Veiligheidsregio kin no ek hanthavenje as minsken dy regels net neikomme."

"It giet yn it earste plak om minsken sels. Ik merk dat in soad minsken harren oan de regels hâlde. As it by in kontrôle wol ferkeard giet, kin der no as earste sein wurde dat minsken útinoar gean moatte. Dogge sy dat net, dan kin der in boete oplein wurde. Foar persoanen is dat in pear hûndert euro, foar bedriuwen en ynstellingen heger. Mar dêr giet it net om, de bedoeling is dat wy de ôfspraak neikomme dy't wy makke hawwe."

Net in soad ynsidinten yn Fryslân

Buma jout wol oan dat it yn ús provinsje meifalt. "Myn ûnderfining is dat men yn Fryslân wol wit hoe wichtich it is. Fan wat ik heard haw, hawwe der net in soad ynsidinten west. En wêr it wol mis gie, binne minsken oansprutsen dy't harren dêrnei wol wer kreas oan de regels hâlden hawwe. Dus it is wol goed gien."

Meldpunt gearboskjen

Yn Ljouwert is lykwols wol in spesjale klachtenline iepene. "As minsken sjogge dat oaren harren net oan de regels hâlde, kinne sy dat dêr melde. Bygelyks as sy in feest of in gearkomste tsjinkomme dy't net kin. Wy kinne dêrnei sjen oft wy it tsjinhâlde kinne. Wy kinne hanthavenje, dêr heart by dat minsken datjinge wat sy sjogge maklik dellizze kinne. Dat soe ek op it nûmer 112 kinne, mar by dizze meldingen giet it net om in needmelding. Mear in warskôging. Dus der wie ferlet fan in apart meldpunt foar it oertrêdzjen fan de corona-regels," seit Buma.

Sybrand Buma, foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)