Regionale krante Actief siket kreative wize om coronakrisis troch te kommen

26 mrt 2020 - 16:13

Yn ien wike tiid is de krante Actief, dy't yn Noardeast-Fryslân útjûn wurdt, de helte fan de ynkomsten kwytrekke. Dat komt om't advertearders harren no weromlûke fanwege de coronakrisis. De krante is út alle macht oan it sykjen nei oare mooglikheden om jild binnen te krijen, mar maklik is it net.

Eigener Jan Auke Steegstra fertelt dat de situaasje by Actief lykas by in soad ûndernimmers tige dreech is. "Wy hawwe goed lêst fan de krisis, de advertinsje-ynkomsten rinne hurd werom. Lanlik hat dat ek yn it nijs west, wy binne net in útsûndering. Wy binne drok dwaande om te sjen hoe't wy de dingen omdraaie kinne sa't wy dochs de boel noch wat rinnende hâlde kinne."

Oerlibje

Steegstra besiket eltsenien oan it wurk te hâlden. "Wy binne lokaal, mar op dit stuit eins ek regionaal. Wy bestrike hiel Noardeast-Fryslân mei 100.000 kranten eltse wike. Dat freget in soad mankrêft. Gewoanwei binne der 16 minsken dy't 12 arbeidsplakken ynfolje. Dy binne allegearre oan it wurk, want it is net sa dat as je in tinnere krante draaie, dat it minder wurk freget. Want as je it allegearre oars dogge, dan is eltsenien syn rûtine kwyt en dêrom is it likefolle wurk."

Eigener Jan Auke Steegstra fan Actief

De takomst bliuwt ûnwis. "As ik hiel earlik bin, wy kinne net foar 100 persint sizze: wy oerlibje it. Wy sitte yn in brânsj dêr't in soad klappen falle. Mar wy hawwe wol dien wat wy dwaan kinne, ek fan it regear en de banken út. Dit is wol in tydlik barren, wy moatte der mei-inoar trochhinne", seit Steegstra.

Kampanje en webshop

De ôfrûne wike is it neffens Steegstra slagge mei twa kreaze kranten. "Mar as je sjogge wat der kwa omset binnenkaam is: dat is dizze wike weromrûn nei de helte fan wat nedich is. Dat is dus tige spannend, hoe komt it. Wy binne ek dwaande om te sjen hoe't wy oare dingen dwaan kinne: ynternet, webshop. Om te ûndernimmers dochs te stypjen."

Wat kin Actief der tsjin dwaan? Steegstra: "Wy hawwe in marketingkampanje opset. Wy roppe de minsken op om ek by regionale ûndernimmers besteegjen te bliuwen. En dêrnjonken hawwe wy yn in wike tiid in webshop opset dêr't regionale ûndernimmers harren produkten op sette kinne. Op dit stuit smyt dat ús noch gjin jild op. Mar it motto 'keapje by regionale ûndernimmers' is fan alle tiden. Wy moatte no wat dwaan. Mar wy wolle wol dat it yn de takomst wol wer wat opsmite sil."

Actief wurdt ferspraat yn de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen, Smallingerlân, Tytsjerksteradiel, en in part fan de gemeenten Ljouwert en Opsterlân.

(advertinsje)
(advertinsje)