Boargemaster Wassink fan Skylge krijt ôfskied mei drone

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge krijt sneon in alternatyf ôfskied, no't fanwege it coronafirus syn ôfskiedresepsje net trochgean kin. Terschelling TV sil in drone de loft yn gean litte sadat de Skylgers Wassink útwiuwe kinne. Wassink giet per 1 april nei Ljouwert, om dêr wethâlder te wurden.
Bert Wassink © Omrop Fryslân
De eilanners wurdt frege om foar de eigen foardoar stean te gean en te wiuwen as de drone oerfljocht, leafst mei de flagge fan Skylge. Terschelling TV hat in spesjaal skema makke fan wannear't de drone oerkomt.