Stik bosk yn de brân by Bakkefean

26 mrt 2020 - 15:31

By Bakkefean hat in stik bosk yn de brân stien. It wie in gebiet fan sa'n 400 kante meter oan de Beakendyk. Nei in healoere wie de brân foar it grutste part wer út.

Foto: De Vries Media

De brânwachten fan Haulerwyk, Oerterp en Burgum ha dwaande west mei it bestriden fan de brân, krekt as in ploech út Veenhuizen. It neiblussen duorret noch wol even.

(advertinsje)
(advertinsje)