Utfearten yn coronabeheining: in gefjocht tusken gefoel en regels

26 mrt 2020 - 15:12

It is in gefjocht tusken gefoel en regels. Sûnt oardel wike jilde foar útfeartsintra ekstra strange maatregels fanwegen it coronafirus. It RIVM sil no sels boeten oplizze by útfearten dêr't minsken har net oan de regels hâlde. En dat is wrang, mar wol nedich.

Jan Klaas Faber fan útfeartsintrum Andringastate yn Marsum hat it dreech mei de maatregels dy't fanwegen it coronafirus ynsteld binne: "Minsken moatte 1,5 meter útinoar sitte, de neisten offisjeel ek. Fan it RIVM hawwe wy in rjochtline krigen, dêr wurde ek boeten en sankjes yn neamd. Mar it is dreech te ferkeapjen. Wy binnen in tsjinstferlienende ynstânsje, je wolle graach minsken helpe by it fersoargjen fan in útfeart. Dêr moatte je beheinende maatregels yn oplizze. Dat is tige ferfelend, je wurde yn in rol treaun dy't je net wolle."

Faber snapt de famyljes goed. "As ik dêr sels soe sitte op de foarste rige soe ik myn frou ek njonken my hawwe wolle."

Plechtigens op in letter momint

Guon minsken wolle op in letter momint noch in plechtigens. Faber: "Der is in tal minsken dy't it op de roukaart set hat, dat se letter yn de tiid in betinkingstsjinst wolle. Dat kin hjirre, mei de urn derby bygelyks. Wy nimme ek alle tsjinsten op, dus dêr kinne wy ek wat fan meitsje dat minsken it letter werom sjen kinne."

Andringastate moast rap skeakelje de ôfrûne tiid. "Ferline wike moandei hiene wy noch in plechtigens dêr't earstoan alles noch koe. Mar op de dei fan de útfeart koe it net mear, wat it tal minsken oanbelanget. Dy famylje hat hieltyd belje moatten," seit Faber.

Ofstân hâlde

Sels besiket it personiel safolle as mooglik út hannen te jaan as dat nedich is. "Wat wy dwaan kinne is ôfstân hâlde. Hoareka meie wy net oanbiede. Je sjogge de famylje oankommen en as je by de auto al sjogge dat der hannen jûn wurde en de minsken inoar oankrûpe, dan tinke je, oei. Oars helpe wy mei de kiste útsetten, mar no hâlde je ôfstân en jouwe je oanwizingen."

Ferslachjouwer Miranda Werkman praat mei Jan Klaas Faber fan Andringastate

(advertinsje)
(advertinsje)