Natuurmonumenten: 'Kom by drokte net nei De Slotpleats by Bakkefean'

Natuurmonumenten ropt op om by moai waar of yn it wykein net nei natuergebiet de Slotpleats by Bakkefean te kommen. Yn dat gebiet wie it de ôfrûne dagen te drok, wêrtroch it foar minsken ûnmooglik waard om de rjochtlinen fan it RIVM op te folgjen.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De natuerbehearder hat in lanlike list nei bûten brocht fan natuergebieten dêr't it de ôfrûne tiid te drok wie. Yn Fryslân is dat ien gebiet, de Slotpleats. Fansels wurdt minsken as se wol komme frege om harren oan de RIVM regels te hâlden.
Natuurmonumenten biedt ek in alternatyf foar minsken dy't firtueel de natuer yn wolle. Dat kin yn guon gefallen mei Google Streetview. Yn Fryslân kinne je sa Skiermûntseach en It Gryn belibje.