Restauraasje brêge Aldtsjerk rint fertraging op

De restauraasje fan de brêge yn Aldtsjerk rint fertraging op. Dat skriuwt de gemeente Tytsjerksteradiel yn in brief oan de gemeenteried. By de restauraasje is op ferskate plakken de stielkonstruksje oantaast troch rust.
© Omrop Fryslân, Andor Faber
De tsjinfaller moat no earst ferholpen wurde foar't de boppebou pleatst wurde kin. Hjirtroch kin de brêge fan 1 april ôf net betsjinne wurde foar boatsjes, wylst dat wol it doel wie.
Yn juny ferline jier rekke it ryksmonumint swier skansearre om't der in frachtwein tsjinoan riden wie. Yn oerlis mei de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed sil no besjoen wurde hoe der wer nije stikken stiel komme sille. De brêge yn Aldtsjerk wurdt sûnt ein 2019 wer brûkt troch it autoferkear. De finansjele gefolgen fan dizze tsjinfaller binne noch net dúdlik.