HEA! In minyblomke fan Winny
Se binne mar in pear sintimeter heech en bedoeld foar yn poppehuzen: de miniatuerblomkes en -plantsjes fan Winny Huizing út Feanwâlden. Frou Huizing is 75 jier en widdo. It prigelwurk mei de lytse blomkes jout har struktuer yn it libben.