Fergunning twadde bochtôfsnijing fargeul Amelân wurdt in probleem

26 mrt 2020 - 14:12

In tunnel is gjin oplossing en in fergunning krije foar in twadde bochtôfsnijing fan de fargeul wurdt in grut probleem, skriuwt minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat tongersdei oan de Twadde Keamer oer de ferbining mei it Amelân. Sy docht dat yn antwurd op Keamerfragen.

De fearboat en wettertaksy nei It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Mei it each op de ferfierbewegings en de kosten foar oanlis en ûnderhâld is in tunnel gjin opsje. Ek grypt it te bot yn op de sosjaal-ekonomyske struktuer fan it eilân en it hiele Waad. Foar in twadde bochtôfsnijing is in fergunning nedich. Oer dizze 'Reegeul-Oost oplossing' skriuwt de minister it folgjende: "Met het realiseren van de Reegeul-Oost neemt de habitat "permanent ondergelopen zandbanken" af en dit lijkt strijdig met het instandhoudingsdoel van dit habitattype, waardoor het verkrijgen van een vergunning op het onderdeel natuur onwaarschijnlijk lijkt." Oftewol, de kâns dat dit slagget is lyts.

Tsjinstregeling

Der is ek sjoen nei ferbetteringen fan it lade en losse, mar ek dêr is gjin winst te heljen. Dat wol net sizze dat der hielendal gjin oplossings binne. Ut in rapport fan Lievense adfiseurs dat begjin dit jier útkaam, docht bliken dat de tsjinstregeling fan in oere eins te krap is; fiif minuten om krekt te wêzen. De measte fertragings komme dêrtroch. In justjes rommere tsjinstregeling soe de measte fertragings oplosse kinne, hawwe sy doetiids advisearre.

(advertinsje)
(advertinsje)