Høegh en Hahn ferlitte SC Hearrenfean, Hoedemakers langer by SC Cambuur

26 mrt 2020 - 13:33

Daniel Høegh en Warner Hahn hawwe nei alle gedachten harren lêste wedstriid spile foar SC Hearrenfean, no't it fanwege de corona-krisis ûnwis is oft der dit seizoen noch fuotballe wurdt. Beide spilers hawwe by de klup oanjûn dat se graach in folgjende stap meitsje wolle. By SC Cambuur bliuwt Mees Hoedemakers, dy't hierd wurdt fan AZ, langer.

Foto: Orange Pictures

Sawol Høegh as Hahn binne yn it besit fan in ôfrinnend kontrakt. Neffens de rjochtlinen fan de CAO foar kontraktspilers Betaald Voetbal Nederland binne klups ferplichte om foar 1 april dúdlikheid te jaan. Mar, de Deenske ferdigener en de doelman hawwe oanjûn dat se iepen steane foar in nij aventoer.

Daniel Høegh makke yn 2017 transferfrij de oerstap fan FC Basel nei Fryslân. De earste twa seizoenen wie hy sûnder mis basisspiler, mar nei in blessuere yn 'e tarieding op dit seizoen is Høegh syn basisplak kwytrekke en sit er op de bank. Hahn kaam yn 2017 tagelyk mei Høegh nei Fryslân. Op dit stuit refalidearret hy fan in blessuere.

Keepers

Op de webside jout SC Hearrenfean moandei in update oer de spilers fan wa't it kontrakt ôfrint. Dat binne de beide doelmannen Filip Bednarek en Trevor Doornbusch en ferdigener Ricardo van Rhijn. Dizze wike hat de klup mei de spilers noch ôfrûnjende petearen. Nei alle gedachten sil it kontrakt fan Bednarek ferlinge wurde.

Ofrinnende kontrakten SC Hearrenfean

Spiler Bysûnderheden
Warner Hahn Sil SC Hearrenfean ferlitte
Filip Bednarek Kontrakt rint ôf
Trevor Doornbusch Kontrakt rint ôf
Daniel Høegh Sil SC Hearrenfean ferlitte
Ricardo van Rhijn Kontrakt rint ôf

Hoedemakers nei Cambuur

SC Cambuur hiert fjouwer spilers. Robert Mühren fan Zulte-Waregem, George McEachran fan Chelsea, Milan van Ewijk fan ADO Den Haag en Mees Hoedemakers fan AZ. Op dy lêste hat Cambuur in opsje ta keap, dêr't ek gebrûk fan makke wurdt. De definitive komst fan Hoedemakers nei Ljouwert wurdt op koarte termyn bekend makke. De hântekenings moatte noch set wurde, mar troch de coronakrisis is dat noch net slagge.

Foto: Orange Pictures

Ofrinnende kontrakten

Der binne seis spilers dy't by SC Cambuur in kontrakt hawwe dat nei dit seizoen ôfrint. Fjouwer dêrfan hawwe in opsje yn harren kontrakt stean. It giet om keeper Sonny Stevens, Kellian van der Kaap, Stanley Akoy en Alex Bangura. By Stevens is it sa dat as Cambuur promovearret nei de earedifyzje, syn kontrakt automatysk mei in jier ferlinge wurdt. Yn it gefal fan Van der Kaap, Akoy en Bangura kinne de Ljouwerters it kontrakt iensidich ferlinge, as se dat foar 1 april trochjouwe.

Ofrinnende kontrakten SC Cambuur

Spiler Bysûnderheden
Sven Nieuwpoort Kontrakt rint ôf
Jordy van Deelen Kontrakt rint ôf
Sonny Stevens As Cambuur promovearret, wurdt it kontrakt mei in jier ferlinge
Kellian van der Kaap Cambuur hat in iensidige opsje om it kontrakt te ferlingen
Stanley Akoy Cambuur hat in iensidige opsje om it kontrakt te ferlingen
Alex Bangura Cambuur hat in iensidige opsje om it kontrakt te ferlingen
(advertinsje)
(advertinsje)