Kolleezje kiest net foar tradisjoneel restauraasjeplan stedhûstoer Boalsert

It opknappen fan de stedhûstoer fan Boalsert kostet de gemeente Súdwest-Fryslân hast 3,3 miljoen euro. Foar it jild moatte de toer mei kariljon en draachkonstruksje oanpakt wurde, mar ek de skea oan balken en de kapkonstruksje fan de âlde riedseal, de boargemasterskeamer en waach. It kolleezje kiest foar in fariant mei in draachkonstrukje fan stiel.
© Omrop Fryslân
Wethâlder Mirjam Bakker
De gemeenteried wurdt yn april foarsteld it jild beskikber te stellen, jout wethâlder Mirjam Bakker oan. It die earden bliken dat de bûnte kjifkrobbe yn it hout siet en dat der in soad skea wie. Dêrom is de toer in skoft lyn útinoar helle.

Fariant fan stiel

It kolleezje hat no keazen foar in restauraasjeplan mei in draachkonstruksje fan stiel, yn stee fan hout. De Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed en Hûs & Hiem hawwe de foarkar foar in fariant dêr't mear romte is foar de tradisjonele houten konstruksje, al sit der ek wat stiel yn. Mar dy fariant is sa'n 200.000 euro djoerder.
As de ried akkoart giet, kin nei de simmerfakânsje úteinset wurde mei de restauraasje. Dy sil goed tsien moannen duorje.