KwadrantGroep wurket yn de soarch mei spesjale coronarûten

26 mrt 2020 - 12:43

Soarchorganisaasje KwadrantGroep yn Drachten hat seis rûtes betocht, dy't de meiwurkers folgje as sy minsken mei it coronafirus helpe moatte. Op eltse rûte wurde fjouwer oant seis soarchmeiwurkers ynset dy't dan allinnich dý rûte dogge. Ek hawwe sy in eigen auto dy't allinnich foar dy rûte brûkt wurdt.

Regiomanager Minke van der Veen fan de KwadrantGroep leit út: "Wy hawwe seis rûten binnen de KwadrantGroep dêr't wy minsken helpe mei in spesjaal team fan soarchferlieners om klanten te helpen dêr't fan tocht wurdt dat sy wolris corona hawwe kinne of echt corona hawwe. Op dit stuit binne it klanten dy't oars ek thússoarch fan ús krije fan de reguliere teams. No hawwe wy 14 minsken yn soarch op de rûten. Ien is test en hat echt it coronafirus."

Koördinator Sabine Gerritsen fertelt dat ien fan de soarchmeiwurker yn prinsipe de kliïnt by de soarchgroep oanjout en dat dêrnei kontakt opnommen wurdt mei de húsdokter. "Dy jout it advys oft de kliïnt beskerme ferplege wurde moat en oft de persoan symptomen hat."

Beskermjende middels

Gerritsen seit dat it tige krekt komt mei de beskermjende middels. "Ik plan de kliïnt yn en myn kollega stapt yn in auto dy't allinne foar de coronarûte brûkt wurdt. De kollega hat in mûlekapke op dy't sy net oanreitsje meie en trije oeren op hâlde mei in beskermingsbril. By de kliïnt docht sy in jas oan, dy mei 24 oeren oan bliuwe. As sy wer fuortgiet, docht sy de jas sa út dat in oare kollega der wer sa yn kin. It doel is om de pyk fan de besmettingen te fersprieden. Wy hoopje ús kliïnten en meiwurkers sa lang as mooglik is sûnt te hâlden. En wy besykje fansels sa sunich mooglik te wurkjen."

Gewoane kliïnten spannender

De measte soarchmeiwurkers fine it net hiel spannend. "De kollega's hawwe wol soks fan: wy witte hoe't wy der mei omgean moatte. Sy tinke om de symptomen. It is minder spannend dan net-beskerme by gewoane kliïnten nei binnen gean, om't je net krekt mear witte wa't wol en wa't net corona hat," leit Gerritsen út.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust mei op de coronarûte

In meiwurker fan KwadrantGroep - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)