Coronabelied by supermerk Hurdegaryp: himmelje, karkes en 100 klanten

26 mrt 2020 - 12:15

Dêr't earder eltsenien samar nei binnen rinne koe by de supermerk fan Albert Heijn yn Hurdegaryp, is der no in doarbelied. Bûten wurde de boadskipkarkes himmele en dêr wurdt ek tsjin klanten sein dat der mei in winkelwein mar ien persoan nei binnen mei.

Winkelweintsjes himmelje foar nij coronabelied - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Gerard van der Veen fan de supermerk jout oan dat it wat stranger wurden is. Der stiet personiel bûten by de winkel. "Sa kinne wy ek fuortendaalks tsjin eltsenien sizze dat der mar ien persoan mei in winkelweintsje nei binnen mei. Der is no as rjochtline oanjûn dat in klant 10 m2 romte hawwe moat. Wy binne sa'n 1.000 m2, dus dan meie der sa'n 100 klanten nei binnen op it selde momint. Sa kinne wy minsken dy't dochs mei de hiele húshâlding komme, sizze dat der mar ien persoan nei binnen mei.

Begryp

Ek moatte minsken perfoarst in boadskipkar mei nei binnen nimme. Van der Veen: "Wy dûke der net boppe-op as der tafallich krekt yn tuskentroch slûpt, mar wy besykje it wol tsjin eltsenien te sizzen." Neffens de winkelman docht it wol fertuten. "Minsken reagearje posityf, sy hawwe der begryp foar. It is foar eltsenien oars, foar ús en ek foar de klant.'

Dochs hat Van der Veen wol noed oer hoe't it letter komt. "De ôfrûne tiid hawwe wy ús bêst dien om de skappen fol te hâlden. Dat hat in goeie omset opsmiten. Mar wat de takomst jout, witte wy fansels net. It bliuwt in kwestje fan skeakeljen."

Ferslachjouwer Timo Jepkema by de supermerk yn Hurdegaryp

Net oer de toanbank

Dochs binne der ek ûndernimmers by dy't argewaasje ha fan hoe't guon klanten mei de maatregels omgean. Sa hingje guon klanten by Slachter Rijpma yn itselde doarp noch hieltyd oer de toanbank hinne wylst dúdlik oanjûn is dat dat net mear mei. "Gelokkich binne der ek minsken by dy't har wol goed oanpasse hear," sa seit Wia Rijpma.

Coronamaatregels by slachter Rijpma - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

By slachter Rijpma ha se dúdlik mear omset hân de lêste wiken. "It wie betiden krekt de krystdagen," seit frou Rijpma. Dochs meitsje sy har wol soargen oer de tiden dy't kommen gean. "Wy realisearje ús hiel goed dat der hjirnei wer in resesje komt. Al sille wy ús dêr ek wol wer op oanpasse, mear oanbiedings yn de saak dus."

(advertinsje)
(advertinsje)