Twadde Fryske pasjint stoarn oan coronafirus, sechstjin nije besmettingen

Der is in twadde Fryske pasjint stoarn oan de gefolgen fan it coronafirus. Dat hat de GGD tongersdei bekend makke. Dêrneist binne der nochris sechstjin Friezen posityf test op it coronafirus. Op dit stuit fiert GGD Fryslân, yn gearwurking mei de belutsen sikehuzen, kontaktûndersyk út.
Everhard Hofstra fan de GGD:
Update GGD
Neffens Margreet de Graaf fan GGD Fryslân seit it tal nije besmettingen net safolle oer de fersprieding fan it firus yn Fryslân. "Het heeft meer te maken met het testbeleid", seit se. Op dit stuit wurde allinnich minsken yn in risikogroep of minsken dy't wurkje yn de soarch testen.

IC-bêden

Fryslân is ien fan de minst troffen gebieten yn Nederlân, en dus wurde der pasjinten fan út de rest fan it lân nei de IC's yn Fryske sikehûzen brocht. "Dat is een kwestie van samen delen. Wij zijn één Nederland. Fryslân is niet alleen voor de Friezen. In het totaal aantal bedden dat beschikbaar is, tellen onze bedden gewoon mee. Dat betekent wel dat er goed wordt gekeken waar zijn de plekken, waar moeten mensen heen en hoe houd je ook voor de lokale mensen voldoende bedden beschikbaar", seit De Graaf.
© Omrop Fryslân
Dochs komme der in soad fragen oer binnen by de GGD fan minsken dy't bang binne dat der aanst gjin plak is foar Friezen. "Gelukkig kunnen we tot nu toe daar een geruststellend antwoord op geven. Omgekeerd geldt ook dat op het moment bij ons een piek komt, ik hoop het niet, dan zullen de herstelde Brabanders ook hun bedden ter beschikking stellen", sa seit De Graaf.
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân oer de nije sifers