Ljouwerter dokter rint grut risiko fanwege firus, mar bliuwt op Haïty

26 mrt 2020 - 11:40

De Ljouwerter Lourens Noppe wennet en wurket sûnt goed trije jier op Haïty. Hy is dokter yn in hiel lyts sikehûs op it earmste part fan it eilân. Troch de minne foarsjenningen soe in grutte útbraak fan it coronafirus grutte gefolgen hawwe kinne. It regear hat dan ek nei de earste twa besmettingen fiergeande maatregels naam.

Foto: Eigen foto

Sa is it fan tongersdei ôf ûnmooglik om fan it eilân ôf te kommen. In oare maatregel is dat de Haïtyanen thús bliuwe moatte, mar dy regel wurdt net opfolge. "Het is voor velen onmogelijk, omdat ze geen inkomen hebben als ze niet werken. Er is hier geen sociaal vangnet", sa leit Noppe út.

Minsken helpe

De dokter hat mei syn famylje kontakt hân oer wol as net werom nei Nederlân te fleanen. Hy hat it beslút naam om dat net te dwaan, om't er as helpferliener mear nedich is op Haïty. "We hebben hier niet alleen corona, er zijn nog veel meer ziekten die jullie in Nederland niet of nauwelijks kennen. Ook die mensen moeten geholpen worden."

As der echt in corona-útbraak komt, dan sille der ek sûnder mis pasjinten yn it sikehûs opnaam wurde dêr't de Ljouwerter wurket. En dan is it risiko op besmetting hiel grut. Noppe tinkt dat er troch syn goede sûnens, wol in risiko nimt mar dat dat in ferantwurde risiko is.

Lourens Noppe op Haïty

(advertinsje)
(advertinsje)