De Streekboer hat it drokker as oait yn coronatiid: ferlet fan lokaal iten

26 mrt 2020 - 11:07

De Streekboer yn Drachten hat er troch de coronakrisis goed 200 nije leveransiers by krigen. Boeren binne manmachtich op syk nei nije wizen om produkten kwyt te kinnen. Ek binne der folle mear oanmeldingen fan klanten dy't in doaze iten hawwe wolle fan De Streekboer.

De Streekboer is as bedriuw al fiif jier dwaande mei streekprodukten. "Wy sette ús yn foar in mear duorsume en sûne mienskip. Dat dogge wy mei lokaal iten. Wy binne op 'en paad gien en seagen dat der lokaal in soad boeren binne mei tige moaie produkten. Je moatte derfoar soargje dat it byinoar komt," fertelt Janco Heida fan De Streekboer.

Boadskipdoaze fol mei lokaal iten

Yn in grutte loads yn Drachten ride mear as 60 weinen mei kratten om. "Hjir steane goed 550 kratten dy't ynpakt wurde foar konsuminten. Dat wurdt dien troch boeren en frijwilligers. Der giet fleis yn, suvel, bôle, griente, fruit, huning. In komplete boadskipkoer fol."

Janco Heida fan de Streekboer pakt in itensdoaze yn - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

En dan giet it om lokale produkten. "In doaske aaien fan bioboer Pieter fan Tsjom, sipels fan Natuertún 't Hummelhus yn Aldhoarne, sjampinjons fan Marum, moal fan de mûne hjir. En ek iten dat by de tiid heart. No is de spinaazje wer yn it seizoen," leit Heida út.

Ferslachjouwer Timo Jepkema praat mei Janco Heida fan De Streekboer

Itensmerk op 'e kop troch coronafirus

De fraach nei itensdoazen is de lêste tiid flink tanaam. "Alle wiken komme der in soad minsken by dy't hjir oan meidwaan wolle. Minsken snappe ek dat wy bêst wol kwetsber binne mei-inoar. Der is in soad ticht en dat docht echt wat mei de itensmerk. Wy kinne mei sa'n inisjatyf ek de boeren stypje. Yn de omjouwing kin der foar ús produsearre wurde."

En dat is net it iennige. Heida: "Wy binne in pear moannen lyn úteinset mei in koöperaasje fan boeren en ôfnimmende bedriuwen. Dus wy leverje ek oan bygelyks sikehuzen en soarchynstellingen, lykas dy fan Patyna." En der binne ek in lytse 30 ôfhelpunten yn it noarden.

It is drok op de iere moarn by De Streekboer yn Drachten

(advertinsje)
(advertinsje)