Flink snien yn busferfier: Arriva besiket needsaaklik ferfier te regeljen

26 mrt 2020 - 10:26

Der sille de kommende tiid folle minder bussen troch Fryslân ride. Arriva moat troch de gefolgen fan it coronafirus drastysk snije yn de tsjinstregeling fan it busferfier. Op guon trajekten sille sels hielendal gjin bussen mear ride. Dochs besiket de ferfierder om yn guon gefallen maatwurk te leverjen.

"Wy hawwe maatregels nommen om ek ús fitale funksje wier te meitsjen. Wy moatte der foar soargje dat eltsenien op it wurk komme kin," seit Arriva-direkteur Anne Hettinga.

Kontakt mei sikehuzen

Feit bliuwt dat der op dit stuit hieltyd minder bussen troch de doarpen ride. "It is echt in probleem. Wy skale ôf en ride folle minder faak yn it oere. Mar wy hawwe kollega's frege om kontakt op te nimmen mei sikehuzen en fêst te stellen oft der in probleem is yn in bepaald doarp. Dan soargje wy foar maatwurk, sa't bygelyks in ferpleechkundige wol op it wurk komme kin."

Direkteur Anne Hettinga fan Arriva

Neffens Hettinga is dat ek de plicht as ferfierder. Dat leit yn hannen fan de bussjauffeurs. "Sy moatte in ferplichte tsjinstregeling ride. Us sjauffeurs wolle minsken ferfiere, foar harren is it ek saai. Mar minsken binne ek wol grutsk dat sy in wichtige funksje ferfolje kinne. Sy fiele dy plicht. Wy hawwe genôch personiel om dat wier te meitsjen."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It kostet fansels wol in soad jild. Hettinga: "Arriva is fan doel om mei de oare ferfierders in berop te dwaan op de potten dy't it ministearje beskikber stelt. Mar it jild komt letter wol, ik haw betrouwen yn it regear."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort praat mei in pear reizgers op stasjon Ljouwert

Trefwurden: 
bus Ljouwert Arriva coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)