Trekker en jarretank op 'e kop yn in sleat oan De Dûker yn Terwispel

26 mrt 2020 - 09:34

In bestjoerder fan in trekker kaam tongersdeitemoarn frjemd telâne njonken De Dûker yn Terwispel. De trekker makke nammentlik sels in dûk. De trekker en de jarretank derefter bedarren op 'e kop yn in sleat by de dyk del.

Foto: ProNews

De bestjoerder fan de trekker rekke net ferwûne. De jarre yn de tank wurdt oerpompt, sa't de boel wer oerein set wurde kin.

Trefwurden: 
Terwispel trekker De Dûker
(advertinsje)
(advertinsje)