Wetterskip: Coronafirus sil yn rioelwetter sitte, mar gefaar is der net

It coronafirus lit ek spoaren efter yn it rioelwetter, hat bliken dien út ûndersyk fan it RIVM. By Amsterdam, Tilburg en Loon op Zand is genetysk materiaal fûn fan it coronafirus. Dat komt fia it húske yn it rioel telâne. Yn Fryslân wurdt net test oft it firus yn it wetter sit, mar sûnt ferline wike hat Wetterskip Fryslân wol maatregels troffen by de 27 rioelwettersuveringen yn de provinsje.
In argyffoto fan in wettersuvering © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It RIVM warskôget dat minsken net yn kontakt komme moatte mei it wetter en dat ek it ynazemjen fan de damp fan it ôffalwetter net goed is. Wetterskip Fryslân jout oan dat it ûndersyk fan it RIVM dien wurdt, om op in oare wize te sjen nei de fersprieding fan it coronafirus.

Plakken mei sikehuzen

It rioelwetter yn Fryslân wurdt dus net test, mar neffens it wetterskip sille ek grif yn ús provinsje rêsten te finen wêze yn it rioelwetter. Benammen op plakken dêr't sikehuzen binne. Yn in plak as Ljouwert sil der earder materiaal fan it firus fûn wurde, as op De Jouwer bygelyks.
Fansels soargje de wettersuveringen derfoar dat it wetter wer skjin wurdt. Der sitte mear baktearjes en syktekimen yn it ôffalwetter dy't der útsuvere wurde.

Maatregels Wetterskip Fryslân

Wetterskip Fryslân hat wol maatregels troffen. De besetting op de suveringsynstallaasjes is no lytser, seit beliedsadviseur Hans de Vries fan it wetterskip. De minsken dy't by it wetter wurkje hawwe spesjale overalls oan, mei moffen, learzen en in masker, sa't der gjin kontakt komme kin mei spattend wetter. "Us meiwurkers binne altyd al maksimaal beskerme, dat is standertprotokol", seit De Vries.
Beliedsadviseur Hans de Vries fan Wetterskip Fryslân