Hannemahûs slacht âld boekje iepen: âlde grypfirussen lykje op coronakrisis no

Gemeentemuseum it Hannemahûs yn Harns hat in nijsgjirrich boekje yn hûs: De griep in Nederland in 1918 tot 1920. Yn it boekje stiet de pandemy beskreaun dy't hjir fan 1918 oant 1920 wie en dêr't miljoenen minsken oan ferstoarn binne. Neffens it Hannemahûs liket de situaasje yn it boekje in soad op de coronakrisis fan hjoed-de-dei.
© Hannemahuis
It boekje út 1921 giet oer de Spaanske Gryp, dy't doe 'de pandemie van influenza' neamd waard. Der binne oer de hiele wrâld tsientallen miljoenen minsken oan ferstoarn. Nederlân hie benammen yn july en septimber te krijen mei de Spaanske Gryp. Boppedat kaam de gryp yn oktober nochris werom en yn jannewaris 1920 foar de tredde kear.
It boekje fertelt ek oer eardere pandemyen, lykas dy fan 1846-1848. Dy sykte wie benammen te finen oan it Fryske kustgebiet en is yn Fryslân beskreaun troch dr. Galama. Guon genêsmasters hiene hûnderten sike minsken te behanneljen. Yn guon Fryske doarpen wie yn in pear dagen hast in tredde part fan de ynwenners siik. It begûn mei diarree, dûzigens of pineholle. De sykte kaam in soad foar by de earmere minsken.
Koarts wie lykas no in ferskynsel yn it syktebyld. It advys wie: bliuw ûnder de tekkens.
Jeannine Otten fan it Hannemahûs yn Harns