NHL Stenden bliuwt oant 1 juny ticht: studinten digitaal oan de bak

26 mrt 2020 - 07:48

NHL Stenden bliuwt ticht oant 1 juny, dat hat de hegeskoalle woansdei bekend makke. It kabinet hat noch net besletten oft skoallen nei 6 april noch ticht bliuwe moatte, mar NHL Stenden giet derfan út dat de coronakrisis noch wol efkes duorje sil. It betsjut dat dizze hegeskoalle, mei de grutske lokaasje yn Ljouwert, trochgiet mei it online oanbieden fan ûnderwiis. Mocht der wol wat feroarje, dan sil de skoalle dêr wer op ynspylje.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Mei it beslút om ticht te bliuwen, kiest de hegeskoalle foar dúdlikheid. Erica Schaper, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan NHL Stenden: "Er was veel onduidelijkheid bij studenten en medewerkers. Met alle hogescholen in Nederland samen hebben we gezegd: er moet wel duidelijkheid komen, dus we zeggen met zijn allen dat de scholen tot 1 juni dicht blijven."

Op ôfstân

De studinten folgje net allinnich kolleezjes fia ynternet, it is ek de bedoeling dat se toetsen digitaal meitsje sille. Mei in spesjale toetsapplikaasje kin de hegeskoalle op ôfstân 'surveillearje'. Op alle tiisdeis en woansdeis hâldt de skoalle in webinar. Dan kinne studinten online fragen stelle of harren soargen uterje. Studinten wurdt wol oanret om bewiis te sammeljen as sy stúdzjefertraging oprinne.

Grutsk

Schaper is tefreden oer hoe't it lesjaan fia ynternet giet. "Tot nu toe gaat heel veel onderwijs online, dat gaat heel goed. Ik ben ook heel trots, heel grutsk op hoe alle medewerkers dat oppakken. De studenten doen er ook heel erg hun best voor om het allemaal goed te volgen. Maar ja, het mooiste is natuurlijk als je gewoon contact hebt tussen een docent en een student. En dat we met zijn allen gewoon weer naar het normale leven terug kunnen."

Erica Schaper, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan NHL Stenden

(advertinsje)
(advertinsje)