Liveblog
|
26 maart 2020
Coronanijs tongersdei 26 maart: EU-lannen binne it noch net iens oer miljarden tsjin coronakrisis
Folgje ús liveblog om op 'e hichte te bliuwen fan it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 8 april 2020, 11:10
22:54
Ein fan dit liveblog
Oant safier dit liveblog fan tongersdei 26 maart oer de coronakrisis. Wy sette noch ien kear de belangrykste punten út dit liveblog op in rychje:
* Hjoed is der in twadde coronapasjint yn Fryslân stoarn oan it firus; fierders binne der 16 nije gefallen yn ús provinsje fêststeld;
* Minsken meie mei maksimaal twa persoanen byinoar wêze yn iepenbiere romte;
* Der komt ekstra kapasiteit om te testen op coronabesmettingen: fan moandei ôf wurde yn Wageningen 1500 tests op in dei útfierd;
* It Antonius-sikehûs yn Snits hat ekstra skelken nedich, want oars binne se oer trije dagen op;
* De toiletgebouwen op campings en jachthavens gean ticht;
* En de EU-lannen binne it op in fideogearkomste noch net iens wurden om miljarden te stekken yn de bestriding fan de krisis.
* Minsken meie mei maksimaal twa persoanen byinoar wêze yn iepenbiere romte;
* Der komt ekstra kapasiteit om te testen op coronabesmettingen: fan moandei ôf wurde yn Wageningen 1500 tests op in dei útfierd;
* It Antonius-sikehûs yn Snits hat ekstra skelken nedich, want oars binne se oer trije dagen op;
* De toiletgebouwen op campings en jachthavens gean ticht;
* En de EU-lannen binne it op in fideogearkomste noch net iens wurden om miljarden te stekken yn de bestriding fan de krisis.
Freed is der wer in nij liveblog. Ek op radio en telefyzje kinne jo by ús telâne foar al it lêste nijs.
22:28
Noch gjin EU-jild
De lieders fan de EU-lidsteaten ha tongersdei de oanpak fan de coronakrisis bepraat. In beslút om miljarden yn te setten tsjin de krisis is noch net fallen, want se koene it net iens wurde. De 27 lannen kamen net byinoar, mar se hiene in fideopetear.
22:15
Toiletgebouwen campings en jachthaven ticht
Dat hawwe de foarsitters fan de trije Feilichheidsregio's yn Noard-Nederlân besluten. Yn de sanitêre gebouwen is it hiel dreech om oardel meter ôfstân te hâlden. De sluting jildt foar fakânsjeparken, campings, kampearterreinen, lytse kampearfjildsjes en jachthavens. Swimbaden en hoareka yn de fakânsjeparken moasten earder al ticht.
22:02
Befeiligers by yngong boumerken
Boumerken nimme maatregels tsjin te folle drokte yn de winkels om it coronabesmettingsgefaar lytser te meitsjen. Befeiliger sjogge der yn gruttere bouwmerken op ta dat der de fjouwerkante meter net mear as ien klant yn de winkel is. De maatregels jildt ûnder oare foar de Praxis, Gamma en Karwei. In soad minsken dogge putsjes yn en om it hûs no't se mear oan hûs bûn binne.
21:35
Húsdokters: Echte tal coronadeaden is folle heger
Húsdokters wolle dat der in betroubere registraasje komt fan it tal minsken dat stoarn is oan it coronafirus, Dat meldt krante AD. No wurde minsken dy't net test binne op Covid-19 net meiteld yn de statistiken. It offisjele deadetal is no 434. It echte tal deaden troch corona leit folle heger, neffens de húsdokters.
21:08
Op syn heechst twa minsken byinoar
20:40
Kontrôle op ûnwierheden oer corona op Facebook
Oer it firus wurdt bewust en ûnbewust in soad ferkearde ynformaasje dield op de sosjale media. De kontrôle giet moandei yn, meldt de NOS, De nijskontroleurs hifkje ek de berjochten op Instagram.
20:22
Húsdokter Maats hat it drok mei telefoantsjes oer corona
Bart Maats is húsdokter op De Gordyk. Dat is it plak dêr't twa wiken lyn de earste Fryske coronabesmettingen fêststeld binne. Hy fertelt hoe't it no yn syn praktyk is.
20:11
"Coronakrisis kin ek kânsen biede"
De nije realiteit daalt stadichoan yn. We begjinne te wennen oan in nije wize fan libjen, en dat jout de mooglikheid om nei te tinken oer dat wat de krisis ús bringe kin. Dat seit Houkje Rypstra fan Sirkulêr Fryslân.
20:00
GGD-dokter Everhard Hofstra oer de aktuele situaasje
19:43
Elske de Wall jout konsert út hûs wei
Dit wykein jout sjongeres Elske deWall in bysûnder konsert, út har eigen hûs wei. De Fryske sjongeres stiet freed op it earste online-festival fan Radio 2
19:35
Parsekonferinsje koe dúdliker
Premier Rutte is hjoed djip troch it stof gien yn de Twadde Keamer, nei de rommelige parsekonferinsje fan moandei. Juster sei er tsjin de parse ek al dat de parsekonferinsje fan moandei dúdliker kind hie.
Ald-steatssekretaris Jack de Vries is kommunikaajsespesjalist en wie earder kampanjestrateech by it CDA. "It wie wat wol frjemd", seit er oer dy parsekonferinsje. "Elkenien hie nei moandei noch fragen oer skoallen en eksamens. In dei letter waard dat wer dúdliker makke, mar je kinne der wol wat lessen út helje. Fjouwer ministers dy't sprekke yn ien parsekonferinsje is ek wat te folle fan it goede."
18:49
Gemeente Harns fernuvere oer skraste Fiskerijdagen
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Harns is fernuvere oer de berjochten dat de organisaasje fan de Fiskerijdagen it evenemint foar dit jier skrasse sil. Dat skriuwt boargemaster Sluiter yn namme fan it kolleezje. De gemeente hat sels offisjeel noch neat heard fan de Stichting Visserijdagen Harlingen.
18:43
Ekstra testkapasiteit foar coronapasjinten
It WBVR-lab yn Wageningen kin fan takom moandei ôf alle dagen oant 1500 tests dwaan om fêst te stellen oft ien besmet is mei it coronafirus. Dan nimt it laboratoarium in nij testapparaat yn gebrûk. Dat meldt de NOS. In oar lab, yn Lelystêd, kin normaalwei fiifhûndert tests dwaan. As se dêr 24 oeren wurkje, kin dat oprinne nei 1500 deis. Minister De Jonge skreau woansdei yn in Keamerbrief dat op in dei rûchwei twatûzen coronatests dien wurde kinne yn Nederlân. As Lelystêd kontinu wurket, soe dat in grutte útwreiding betsjutte.
18:38
Tryater giet live
Tryater sil útsykje hoe't se op ôfstân fan elkoar in foarstelling meitsje kinne. Ira Judkovskaja is dwaande oan har lêste wiken by it teäterselskip en har lêste foarstelling, 1000&1 Nacht, kin no net úteinsette. "Mar we wolle teäter meitsjen bliuwe", skriuwt se. "En we hoopje jim aanst wol mei te nimmen yn de wrâld fan Sheherazade en 1000&1 Nacht. Dêrom sette we in stap yn de digitale wrâld."
Freed om 11.00 oere repetearret Tryater en dat stjoere se live út op Facebook.
18:31
Oprop sirkus Renz kriget gehoar: karren oan bistefretten donearre
18:26
Jild foar sportklups en -bûnen
Sportkoepel NOC*NSF stelt in fûns beskikber fan 5 miljoen beskikber om sportbûnen en ferieningen te helpen, as dy yn de finansjele problemen sitte. It bûn hopet op ekstra stipe fan it Ryk. Dat meldt de krante Trouw. De foarsitter fan NOC*NSF tinkt at sa'n 80 persint fan de ferieningen en bûnen yn de problemen komme.
18:22
Oardel meter ôfstân, ek op camping
Camping It Wiid is gewoan iepen, mar wol mei maatregels. Ien dêrfan is oardel meter ôfstân.
18:03
Help socht
17:59
Yn Fryslân noch net in ôfflakking
Everhard Hofstra fan GGD Fryslân sjocht dat it tal konstatearre besmettingen yn Fryslân omheech gien is. "We zien toch langzamerhand een toename in het aantal gevallen in Fryslân. Dat betekent dat we ook hier verspreiding zien. We testen steeds selectiever. Desondanks zien we een toename aan gevallen, dus dat betekent dat het virus zich steeds meer verspreid."
Yn it lanlike byld hat it RIVM just in lytse ôfflakking sjoen. "In Fryslân nog niet. Maar zonder de maatregelen was er een ander beeld ontstaan. Dankzij de maatregelen zien we wat we nu zien, anders zouden we waarschijnlijk nog een grotere verspreiding zien," leit Hofstra út. "Ik verwacht nog wel een verdere toename, maar zonder die maatregelen zou dat nog veel meer zijn. Juist door de maatregelen hopen we voldoende capaciteit in de ziekenhuizen te houden om iedereen te kunnen helpen."
17:54
Twadde Keamer easket mear coronatests
It parlemint easket dat it kabinet it Switserske bedriuw Roche byneed twingt bekend te meitsjen wat de gearstalling is fan de floeistof dy't brûkt wurdt yn coronatests. Dat meldt de NOS yn it liveblog. Roche leveret masines wêrmei't labs coronatests dwaan kinne. Dêr wurdt ek in floeitstof by brûkt dy't laboratoaria sels ek wol meitsje kinne, hat Follow the Money útsocht. Oant no ta hat it bedriuw de reseptuer net iepenbier makke. De Twadde Keamer wol dat it Ryk it bedriuw dêrop ferget. Minister De Jonge wol it earst sûnder twang besykje. Hy slút foar skielk net út dat der 'twangslisinsje' oplein wurdt.
17:43
Wat betsjut de oankundige corona-resesje foar de gewoane konsumint?
De coronakrisis sil Nederlân yn in resesje lûke. Dat meldt it Centraal Planbureau tongersdei. Mar wat betsjut dat eins foar de gewoane konsumint? "Je hoeft er niet per se last van te hebben", seit ekonoom Erica Verdegaal.
17:35
Hurdrinevenemint Feanwâldsterwâl giet oer
De Lodenhelrun yn Feanwâldsterwâl is ôfsein fanwege de coronakrisis, meldt de organisaasje op Facebook.
17:27
Treastliet 'Sjong dan'
Komponist en arranzjeur Peter van der Zwaag út Sint-Anne har in nûmer skreaun dat treast jaan moat yn dizze drege coronakrisis.
17:11
Boargemaster Buma tinkt dat tal boetes yn Fryslân tafalle sil
De regels dy't it kabinet bekendmakke hat om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean, kinne tenei better hanthavene wurde. De foarsitters fan alle feiligensregio's yn it lân hawwe dat ôfsprutsen.
16:40
Hoe hâldst it gesellich mei de bern thús?
16:16
Kin in streekkrante as Actief oerlibje sûnder advertearders?
Yn ien wike tiid is de krante Actief, dy't yn Noardeast-Fryslân útjûn wurdt, de helte fan de ynkomsten kwytrekke. Dat komt om't advertearders harren no weromlûke fanwege de coronakrisis. De krante is út alle macht oan it sykjen nei oare mooglikheden om jild binnen te krijen, mar maklik is it net.
16:16
Waddenhely wurdt ynrjochte foar ferfier fan coronapasjinten.
De coronapasjint wurdt ûnderweis isolearre yn in spesjale brânkaartinte dy't yn de helikopter sit.
15:50
Utfearten yn coronabeheining: in gefjocht tusken gefoel en regels
It is in gefjocht tusken gefoel en regels. Sûnt oardel wike jilde foar útfeartsintra ekstra strange maatregels fanwegen it coronafirus. It RIVM sil no sels boeten oplizze by útfearten dêr't minsken har net oan de regels hâlde. En dat is wrang, mar wol nedich.
Jan Klaas Faber fan útfeartsintrum Nij Andringastate yn Marsum hat it dreech mei de maatregels dy't fanwegen it coronafirus ynsteld binne: "Minsken moatte 1,5 meter útinoar sitte, de neisten offisjeel ek. Fan it RIVM hawwe wy in rjochtline krigen, dêr wurde ek boeten en sankjes yn neamd. Mar it is dreech te ferkeapjen. Wy binnen in tsjinstferlienende ynstânsje, je wolle graach minsken helpe by it fersoargjen fan in útfeart. Dêr moatte je beheinende maatregels yn oplizze. Dat is tige ferfelend, je wurde yn in rol treaun dy't je net wolle."
15:31
Fjoerwurkbrânsje donearret goed 235.000 brillen oan dokters
Dokters en ferplegers hawwe de brillen nedich foar beskerming. It coronafirus kin nammentlik it lichem yn komme troch de eagen.
15:25
"Kom net nei Slotpleats Bakkefean"
Natuurmonumenten ropt op om by moai waar of yn it wykein net nei natuergebiet de Slotpleats by Bakkefean te kommen. Dêr wie it de ôfrûne dagen te drok, wêrtroch't it foar minsken ûnmooglik waard om de rjochtlinen fan it RIVM op te folgjen. Lês hjir it folsleine berjocht.
15:17
Boargemaster Skylge kriget ôfskied mei drone
De Skylgers wurdt frege om foar de eigen foardoar stean te gean en te swaaien as de drone oerfljocht, leafst mei de flagge fan it eilân. Sjoch hjir foar it folsleine berjocht.
15:07
No ek besmetting yn Dantumadiel
Yn Dantumadiel is no ek in persoan besmet mei corona. Dat stiet op de kaart fan it RIVM. Lange tiid wie de gemeente coronafrij, mar dat is no dus net mear.
14:56
Skerpere regels foar byinoar-wêzen
De 'samenscholingsregels' wurde oanskerpe, dat hat foarsitter Bruls fan it Veiligheidsberaad sein tsjin RTL. Yn dy ried sitte de foarsitters fan de 25 feilichheidsregio's, dat is ek boargemaster Buma fan Ljouwert. De skerpere regels hâlde yn dat elk dy't mei mear as twa minsken yn de iepenbiere romte is, in proses-ferbaal krijt. Ek as minsken binnen in groep har oan de regel hâlde fan oardel meter. Der wurdt in útsûndering makke foar gesinnen of bern ûnder de tolve mei in begelieder.
14:55
Minister: 1.600 IC-bêden
Der binne takom wike 1.600 bêden beskikber op de intensive cares yn de Nederlânske sikehûzen. Dat seit minister Hugo de Jonge. Fan dy goed 1.600 bêden binne 1.036 foar coronapasjinten en de oare 575 fan de reguliere swiere soarch.
14:36
SC Cambuur: 'Der moat gau dúdlikens komme'
De direksjeleden fan SC Cambuur, Ard de Graaf en Gerald van den Belt, hawwe op de clubwebside in brief pleatst oan de supporters oer de hjoeddeiske stân fan saken oangeande it coronafirus. De direksje is fan miening dat de gau dúdlikens komme moat oer it restant fan de kompetysje. Wannear't de kompetysje net útspile wurde kin, dan fertrout Cambuur derop dat de stân fan de kompetysje sa as dy no is oanholden wurdt foar de promoasjeregeling. Yn dat gefal soe Cambuur takom jier yn de earedifyzje spylje.
De direksje skriuwt fierder dat Cambuur foarearst net yn de finansjele problemen komt, nettsjinsteande dat de klup op dit stuit gjin ynkomsten hat.
14:24
No 434 minsken yn Nederlân ferstoarn
It tal minsken dat yn Nederlân ferstoarn is oan it coronafirus, is oprûn ta 434. It tal registrearre stjergefallen is de ôfrûne 24 oeren omheech gien mei 78, meldt it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM). Dizze minsken binnen net allegear sûnt woansdei ferstoarn. As in pasjint stjert, wurdt dat net altyd fuortendaliks trochjûn oan it ynstitút. Datselde jildt foar it tal minsken dat yn it sikehûs opnommen wurdt. Sûnt it begjin fan de útbraak binne 2151 minsken mei de sykte COVID-19 opnommen yn sikehuzen. Dat binne der 315 mear as woansdei bekend wie.
14:14
Coronapasjint mei helikopter nei Tjongerschans
In coronapasjint is tongersdei mei in spesjale coronahelikopter oerflein fan it sikehûs yn Venlo nei de intensive care fan it sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean.
14:02
Telefoanysk sprekoere foar elkenien
De Skûle Welzijn yn Frjentsjer is ticht foar besikers, mar ynwenners fan de gemeenten Waadhoeke en Harns kinne wol telâne op it telefoanysk sprekoere. Alle wurkdagen wurde der fan 10 oant 12 oere oan de telefoan fragen beäntwurde. It sprekoere wie earst allinnich foar âlderen en kwetsbere minsken, mar is no iepen foar elkenien. Ek om samar efkes in praatsje te meitsjen. Foar de jongerein is der in spesjaal chatpunt beskikber fia de webside fan de soarchynstânsje.
13:51
Needhospitaal yn oanbou
13:48
Meldpunt foar corona-oerlêst
13:42
Coronarûte yn de thússoarch
Soarchorganisaasje KwadrantGroep yn Drachten hat seis rûtes betocht, dy't de meiwurkers folgje as sy minsken mei it coronafirus helpe moatte. Op eltse rûte wurde fjouwer oant seis soarchmeiwurkers ynset dy't dan allinnich dý rûte dogge. Ek hawwe sy in eigen auto dy't allinnich foar dy rûte brûkt wurdt.
12:58
Earste coronapasjinten Waadhoeke
By twa ynwenners fan de gemeente Waadhoeke is it coronafirus fêststeld. It binne de earste posityf teste pasjinten yn dy gemeente. Fanwege de privacy wurde der gjin fierdere gegevens, sa as it wenplak, bekend makke. Dizze earste melding seit neat oer it werklike oantal besmettingen yn Waadhoeke, want net elkenien wurdt test.
12:52
Coronabelied by supermerk Hurdegaryp
Dêr't earder eltsenien samar nei binnen rinne koe by de supermerk fan Albert Heijn yn Hurdegaryp, is der no in doarbelied. Bûten wurde de boadskipkarkes himmele en dêr wurdt ek tsjin klanten sein dat der mei in winkelwein mar ien persoan nei binnen mei. De minsken moatte perfoarst in boadskipkar mei nei binnen nimme. "Der is no as rjochtline oanjûn dat in klant 10 m2 romte hawwe moat. Wy binne sa'n 1.000 m2, dus dan meie der sa'n 100 klanten nei binnen op it selde momint", rekkenet Gerard van der Veen fan de supermerk út.
12:46
Ein noch net yn sicht
It RIVM makke woansdei bekend dat nochris 80 minsken yn Nederlân ferstoarn binne oan it coronafirus. Dat is it heechste tal deaden yn 24 oeren yn oant no ta. Tagelyk makke it RIVM bekend dat de pyk wat ôf liket te sakjen. Hoe moatte we dizze sifers dan no krekt útlizze? "Het effect zie je als eerst in het aantal nieuwe besmettingen", seit Anne Marie van Elsacker fan Izore, it sintrum ynfeksjesykten yn Fryslân. Neffens Van Elsacker is it net sa dat it ein no al yn sicht is. "Het lijkt nu een beetje te helpen, maar we gaan dit nog vreselijk lang vol moeten houden met elkaar", seit se. "Het tijdpad loopt echt wel een beetje door tot in de zomer."
12:41
Kampanje foar dakleazen
It Leger des Heils komt mei in corona-kampanje foar dakleazen. It kabinet ropt op om foaral thús te bliuwen, mar wat no as je gjin thús ha? Neffens it Leger des Heils binne der sa'n 40.000 minsken dy't gjin kant op kinne. De organisaasje wol dat der mear sliepplakken komme foar dakleazen. It kabinet wurdt oproppen 10.000 wenplakken te realisearjen foar dizze minsken. It Leger des Heils sil ek fia ynternet ferhalen fan dakleazen diele, om op dizze wize omtinken te freegjen foar it probleem.
12:30
"Testkapasiteit mei twang útwreidzje"
Yn de Twadde Keamer wurdt op dit stuit praat oer de coronakrisus. It giet benammen oer it driigjende tekoart oan intensive care-bêden. Ek wurdt der praat oer de testkapasiteit. Nederlân moat by need twangmiddels ynsette om mear coronatesten mooglik te meitsjen, fine ferskate koälysje- en opposysjepartijen yn de Twadde Keamer.
Farmaseut Roche dy't de measte apparatuer oan Nederlân leveret om de tests út te fieren. It bedriuw kin net foldwaande leverje yn de hiele wrâld, mar wegeret ek it resept frij te jaan foar in floeistof dy't nedich is foar de tests, seit it ûndersyksplatfoarm Follow The Money. "Ik wil dat het kabinet toezegt alles in te zetten, waaronder dwang, om maximaal te testen", sei PvdA-foarman Lodewijk Asscher.
12:01
Twadde pasjint stoarn, 16 nije besmettingen
Der is in twadde Fryske pasjint stoarn oan de gefolgen fan it coronafirus. It giet om in 80-plusser út It Hearrenfean. Fierders binne der 16 nije gefallen fan coronabesmetting fêststeld. Dat hat GGD Fryslân niiskrekt meld. It totaal oantal registrearre coronapasjinten yn ús provinsje komt dêrmei op 70. Op dit stuit fiert GGD Fryslân, yn gearwurking mei de belutsen sikehuzen, kontaktûndersyk út.
11:24
Aktuele status fan corona yn Fryslân (boarne: RIVM)
11:20
Topdrokte by Streekboer yn coronatiid
De Streekboer yn Drachten hat er troch de coronakrisis goed 200 nije leveransiers by krigen. Boeren binne manmachtich op syk nei nije wizen om produkten kwyt te kinnen. Ek binne der folle mear oanmeldingen fan klanten dy't in doaze iten hawwe wolle fan De Streekboer. "Alle wiken komme der in soad minsken by dy't hjir oan meidwaan wolle. Minsken snappe ek dat wy bêst wol kwetsber binne mei-inoar. Der is in soad ticht en dat docht echt wat mei de itensmerk. Wy kinne mei sa'n inisjatyf ek de boeren stypje. Yn de omjouwing kin der foar ús produsearre wurde", fertelt Janco Heida fan De Streekboer.
11:18
Needsaaklik ferfier Arriva
Der sille de kommende tiid folle minder bussen troch Fryslân ride. Arriva moat troch de gefolgen fan it coronafirus drastysk snije yn de tsjinstregeling fan it busferfier. Op guon trajekten sille sels hielendal gjin bussen mear ride. Dochs besiket de ferfierder om yn guon gefallen maatwurk te leverjen. "Wy hawwe maatregels nommen om ek ús fitale funksje wier te meitsjen. Wy moatte der foar soargje dat eltsenien op it wurk komme kin," seit Arriva-direkteur Anne Hettinga.
10:34
Coronafirus yn rioelwetter
It coronafirus lit ek spoaren efter yn it rioelwetter, hat bliken dien út ûndersyk fan it RIVM. By Amsterdam, Tilburg en Loon op Zand is genetysk materiaal fûn fan it coronafirus. Dat komt fia it húske yn it rioel telâne. Yn Fryslân wurdt net test oft it firus yn it wetter sit, mar sûnt ferline wike hat Wetterskip Fryslân wol maatregels troffen by de 27 rioelwettersuveringen yn de provinsje. De besetting op de suveringsynstallaasjes is no lytser, seit beliedsadviseur Hans de Vries fan it wetterskip. De minsken dy't by it wetter wurkje hawwe spesjale overalls oan, mei moffen, learzen en in masker, sa't der gjin kontakt komme kin mei spattend wetter. "Us meiwurkers binne altyd al maksimaal beskerme, dat is standertprotokol", seit De Vries.
08:54
Parallel mei âlde grypfirussen
Gemeentemuseum it Hannemahûs yn Harns hat in nijsgjirrich boekje yn hûs: De griep in Nederland in 1918 tot 1920. Yn it boekje stiet de pandemy beskreaun dy't hjir fan 1918 oant 1920 wie en dêr't miljoenen minsken oan ferstoarn binne. Neffens it Hannemahûs liket de situaasje yn it boekje in soad op de coronakrisis fan hjoed-de-dei.
It boekje út 1921 giet oer de Spaanske Gryp, dy't doe 'de pandemie van influenza' neamd waard. Der binne oer de hiele wrâld tsientallen miljoenen minsken oan ferstoarn. Nederlân hie benammen yn july en septimber te krijen mei de Spaanske Gryp. Boppedat kaam de gryp yn oktober nochris werom en yn jannewaris 1920 foar de tredde kear.
07:21
Nimmen op strjitte sette
Troch de coronakrisis moat net ien op strjitte bedarje. Dat sizze minister Van Veldhoven fan Milieu en Wonen en ferskate ferhierdersorganisaasjes en brânsjferieningen. Se ha dêrom ôfpraat om op it stuit gjin húsútsettingen te dwaan. Boppedat komt de minister mei in spoedwet om tydlike hierkontrakten te ferlingjen.
06:45
NHL Stenden oant 1 juny ticht
NHL Stenden bliuwt ticht oant 1 juny, sa hat de hegeskoalle woansdei bekend makke. It kabinet beslút pas nije wike tiisdei oft de skoallen nei 6 april ek noch ticht moatte, mar NHL Stenden giet derfan út dat de coronakrisis noch wol even duorje sil. Mei it beslút om ticht te bliuwen, kiest de hegeskoalle foar dúdlikheid. Erica Schaper, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan NHL Stenden: "Er was veel onduidelijkheid bij studenten en medewerkers. Met alle hogescholen in Nederland samen hebben we gezegd: er moet wel duidelijkheid komen, dus we zeggen met zijn allen dat de scholen tot 1 juni dicht blijven." NHL Stenden, mei de grutste lokaasje yn Ljouwert, giet oant dy tiid troch mei it online oanbieden fan ûnderwiis.
06:30
75 jier befrijing fersobere
De aktiviteiten by 75 jier befrijing wurde dit jier fersobere. Dat betsjut dat eveneminten yn in oare foarm trochgean sille, of hielendal komme te ferfallen. Eveneminten dy't net troch geane, binne ûnder oare it befrijingsfestival op 5 maaie, it projekt om de Joadske bern hinne, de toanielfoarstelling Skaad en it teäterstik De Joodse Bruiloft. Dy lêste twa binne trochskood nei 2021.
06:20
Wolkom
Goedemoarn en wolkom yn dit liveblog fan tongersdei 26 maart oer it coronafirus. Dit wie it belangrykste nijs fan woansdei:
It liveblog fan woansdei 25 maart is hjir nei te lêzen.