Liveblog | 26 maart 2020

Coronanijs tongersdei 26 maart: EU-lannen binne it noch net iens oer miljarden tsjin coronakrisis

Folgje ús liveblog om op 'e hichte te bliuwen fan it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 8 april 2020, 11:10
22:54

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tongersdei 26 maart oer de coronakrisis. Wy sette noch ien kear de belangrykste punten út dit liveblog op in rychje:
* Hjoed is der in twadde coronapasjint yn Fryslân stoarn oan it firus; fierders binne der 16 nije gefallen yn ús provinsje fêststeld;
* Minsken meie mei maksimaal twa persoanen byinoar wêze yn iepenbiere romte;
* Der komt ekstra kapasiteit om te testen op coronabesmettingen: fan moandei ôf wurde yn Wageningen 1500 tests op in dei útfierd;
* It Antonius-sikehûs yn Snits hat ekstra skelken nedich, want oars binne se oer trije dagen op;
* De toiletgebouwen op campings en jachthavens gean ticht;
* En de EU-lannen binne it op in fideogearkomste noch net iens wurden om miljarden te stekken yn de bestriding fan de krisis.
Freed is der wer in nij liveblog. Ek op radio en telefyzje kinne jo by ús telâne foar al it lêste nijs.
22:28

Noch gjin EU-jild

De lieders fan de EU-lidsteaten ha tongersdei de oanpak fan de coronakrisis bepraat. In beslút om miljarden yn te setten tsjin de krisis is noch net fallen, want se koene it net iens wurde. De 27 lannen kamen net byinoar, mar se hiene in fideopetear.
22:15

Toiletgebouwen campings en jachthaven ticht

Dat hawwe de foarsitters fan de trije Feilichheidsregio's yn Noard-Nederlân besluten. Yn de sanitêre gebouwen is it hiel dreech om oardel meter ôfstân te hâlden. De sluting jildt foar fakânsjeparken, campings, kampearterreinen, lytse kampearfjildsjes en jachthavens. Swimbaden en hoareka yn de fakânsjeparken moasten earder al ticht.
22:02

Befeiligers by yngong boumerken

Boumerken nimme maatregels tsjin te folle drokte yn de winkels om it coronabesmettingsgefaar lytser te meitsjen. Befeiliger sjogge der yn gruttere bouwmerken op ta dat der de fjouwerkante meter net mear as ien klant yn de winkel is. De maatregels jildt ûnder oare foar de Praxis, Gamma en Karwei. In soad minsken dogge putsjes yn en om it hûs no't se mear oan hûs bûn binne.
21:35

Húsdokters: Echte tal coronadeaden is folle heger

Húsdokters wolle dat der in betroubere registraasje komt fan it tal minsken dat stoarn is oan it coronafirus, Dat meldt krante AD. No wurde minsken dy't net test binne op Covid-19 net meiteld yn de statistiken. It offisjele deadetal is no 434. It echte tal deaden troch corona leit folle heger, neffens de húsdokters.
21:08

Op syn heechst twa minsken byinoar

Plysje hâldt tafersjoch op neilibbing coronaregels yn Reidingpark yn Drachten © Kappers Media