Sirkus Renz sit fêst yn Drachten: "We hebben nu hulp nodig"

25 mrt 2020 - 22:07

Circus Renz stiet fêst by it Frysk kongressintrum yn Drachten en kin gjin kant op. Se dogge in needgjalp foar help, want it gefaar is dat de bisten daliks gjin fretten mear hawwe.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De famylje Renz hat, krekt lykas oare jierren, oerwintere op it terrein achter it kongressintrum. Mar no't it seizoen eins wer begjinne moat, stiet it sirkus fanwege de coronakrisis stil.

It jild en it fretten foar de hynders, ponnys, kamielen en hûnen rekket gau op. "Het publiek kan niet meer komen en zonder publiek kunnen wij niet meer bestaan", fertelt Varina Renz.

Om't de measte shows dy't it sirkus opfiert yn Nederlân pland stiene, is de groep dizze winter net hielendal werom reizge nei harren wenplak Berlyn. Mar troch de coronakrisis is der gjin jild foar brânstof om alle frachtweinen werom te krijen nei de Dútske haadstêd.

Der steane op it stuit noch in pear pakken strie, mar neffens Varina binne dy binnen in pear dagen op. Wat se dan moatte, wit se noch net: "We hebben nu snel hulp nodig. Als mensen iets over hebben, zouden we dat heel graag willen hebben."

Harkje nei in reportaazje oer Circus Renz

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Minsken dy't help biede wolle, kinne maile nei info@friescongrescentrum.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)