Organisaasje besiket in 'foarm fan Oerol' te meitsjen

Mei de coronamaatregels sa't dy no jilde, is it net mooglik dat Oerol op de oarspronklike wize barre kin. Der is in soad tarieding nedich en dat kin no net. Dochs hâldt de organisaasje de moed deryn en wurdt der socht nei alternativen.
Siart Smit © Aad van Altena
"Wij zetten alles op alles om, binnen de mogelijkheden, een vorm van Oerol te maken", sa skriuwt de organisaasje op harren webside. Op dit stuit wurdt ûndersocht hoe't Oerol der dan útsjen kinne soe. Dat is ek ôfhinklik fan de beslissingen dy't de oerheid nimt en fan de mooglikheden fan de makkers, de meiwurkers en de Skylger befolking.
Direkteur Siart Smit: "We doen dit allemaal niet om rijk te worden, maar omdat er een noodzaak is om dingen te maken, te delen en te vertellen. Juist in deze tijd voelen we die drang nog sterker. Er zal iets komen, maar wat precies, daar kunnen we nu nog geen antwoord op geven."