Ophokplicht foar plomfee jildt langer

25 mrt 2020 - 21:34

Hinneboeren moatte de hinnen foarearst binnendoar hâlde. Nei't op in Dútsk kalkoenebedriuw ticht by de grins mei Grinslân fûgelgryp oantroffen is, is besletten om de lanlike ophokplicht te ferlingjen. Dat docht lânbouminister Carola Schouten út foarsoarch, sa skriuwt se oan de Twadde Keamer.

Hinnen - Foto: Shutterstock.com

Begjin febrewaris waard de ophokplicht foar kommersjele hinneboeren ynfierd. Begjin maart wie it risiko op besmetting in stik lytser wurden, mar fuort dêrnei waard earst in besmetting yn East-Dútslân oantroffen en dêrnei ien yn Dornum, ticht by de Nederlânske grins.

De fûgelgryp is in besmetlike sykte dy't foarkomt by plomfee en wetterfûgels. Ein 2017 wie der ek al in ophokplicht fanwegen in fûgelgrypútbraak. Oer fjouwer wike wurdt de sitewaasje opnij besjoen.

Trefwurden: 
Fûgelgryp hinnen plomfee
(advertinsje)
(advertinsje)