Harnzer Fiskerijdagen geane dit jier net troch

25 mrt 2020 - 21:26

De 61ste edysje fan de Harnzer Fiskerijdagen kin dit jier net trochgean, dat lit de organisaasje witte. "We hebben dit met pijn in ons hart moeten besluiten, maar de huidige onzekere situatie ligt aan dit moeilijke besluit ten grondslag", sa seit foarsitter Jules Dutrieux.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De Harnzer Fiskerijdagen wurde gewoanwei ein augustus hâlden, mar troch it coronafirus kin dit no net trochgean. It evenemint wurdt mei mooglik makke troch in grut ferskaat oan sponsoaren, en in soad fan dizze bedriuwen meitsje op dit stuit drege tiden troch. De organisaasje fynt it dêrom net passen om krekt no dizze ûndernimmers te benaderjen foar in finansjele bydrage.

It coronafirus soarget der fierder foar dat de organisaasje yn de drokste tiid fan tarieding net mei-inoar fergaderje kin. "Aangezien deze maatregel tot minimaal 1 juni gaat duren, is het niet mogelijk Visserijdagen te organiseren zoals men dat van ons gewend is", lit de organisaasje op Facebook witte.

(advertinsje)
(advertinsje)