Lokaasjefoarstellings SKAAD en Joodse Bruiloft trochskood nei takom jier

De lokaasjefoarstellings SKAAD fan Pier21 en de Joodse Bruiloft fan De Jonge Republiek binne útsteld en wurde no yn 2021 spile. De foarstellings binne makke yn it ramt fan 75 jier frijheid en soene yn april opfierd wurde. "Wy kinne net oars", seit David Lelieveld fan Pier21.
SKAAD wurdt no yn 2021 útfierd © eigen foto
"Wy hawwe sjoen nei mooglikheden om op koartere termyn te kommen mei SKAAD, mar dat liket net helber mei de ûnwisse situaasje dêr't we no yn sitte", sa seit Lelieveld.
SKAAD fertelt it ferhaal fan in fersetsman út Het Gooi, dy't by de KP (knokploech) fan Skearnegoutum terjochte komt. Dêr makket er namme mei spektakulêre aksjes. Nei de oarloch krijt er in protte wurdearring en lof foar syn moed, mar letter stekt der twifel oer syn heldhaftichheid de kop op. Dan giet it mis. Politike druk fan de reagearing, Friezen dy't har hannen ôflûke fan de 'bûtesteander', ferkearde keuzes fan himsels, der komt in stoartfloed fan ellinde oer him hinne. Fan syn hege fuotstik falt er djip.
De tagongskaarten dy't al ferkocht binne, bliuwe jildich. Hoe't it fierder komt wurdt noch dúdlik en sil dan streekrjocht mei minsken dy't al in kaart kocht hawwe, kommunisearre wurde.
© Udo Thijssen
Gerard van der Veer fan De Terugkeer van Joodse Kinderen en Auke Zeldenrust fan de Joodse Bruiloft

De Joodse Bruiloft

Ek de foarstellings fan De Joodse Bruiloft dy't pland stiene yn april en maaie, wurde ferskood nei deselde perioade takom jier. It lokaasjeteäter spilet yn de Joadske wyk fan Ljouwert en wie alle sechtjin kear útferkocht. De ferkochte kaartjes bliuwe jildich.
"Het is confronterend en pijnlijk in deze moeilijke tijd. Maar wij kijken ernaar uit om iedereen in 2021 in goede gezondheid terug te zien", aldus regisseur Silvia Andringa.
It doel is om dan tweintich kear De Joodse Bruiloft op te fieren. It teäterstik giet oer it echtpear Barend Boers en Mimi Dwinger.