Seestream-kaartsje nei 53 jier op Skylge fûn en weromstjoerd nei Ingelân

Op Skylge is in bysûnder kaartsje fûn. It giet om in laminearre kaartsje dy't yn 1967 foar de kust fan Kent (Ingelân) yn it wetter smiten is. Dat waard troch ûndersikers dien om de wetterstreamen oan de oerflakte te folgjen. Strânjutters hawwe it tij-kaartsje op Skylge fûn nei stoarmwaar yn febrewaris en weromstjoerd nei Ingelân.
It kaartsje is weromstjoerd nei HR Wallingford. Dat bedriuw is de opfolger fan Hydraulics Research Station, dat yn 1967 goed 4.800 kaartsjes ferspraat hat. De measte kaartsjes binne binnen in pear moannen fûn by de kust fan Kent del en oan de súdlike kust fan Nederlân. Dy kaartsjes binne doe al weromstjoerd. Guon oare kaarten bedarren yn Denemarken en Frankryk. Sûnt 1967 binne de metoaden om de seestreamen te mjitten tige feroare.

Beleanning

It kaartsje is fûn troch de strânjutters Vincent en Jasmijn, lit it bedriuw witte. Yn 1967 waard der al in lytse beleanning jûn oan minsken dy't in kaartsje weromstjoerden. HR Wallingford hat no fiif euro oan de Nederlânske strânjutters jûn, in ekwifalint fan it bedrach doe.