De Friesland hat noch gjin sicht op kosten coronakrisis

25 mrt 2020 - 19:08

By soarchfersekerder De Friesland is it alle hens aan dek wat de coronakrisis oanbelanget, seit bestjoerder Steven Hofenk. "Je staat natuurlijk altijd stil bij iedereen die geraakt wordt", fertelt er. "Wij zijn aan het kijken om alles zo goed mogelijk te regelen."

Foto: Omrop Fryslân

It is noch dreech om te sizzen hoe't it komt mei de kosten. "Waar wij ons op dit moment op richten, is om dat wat nodig is in de zorg te regelen, hoe en wie het gaat financieren is vraag twee, dat is minder belangrijk nu."

By de soarchfersekerder wurkje, krekt lykas by in soad oare bedriuwen, in soad minsken thús. "Wij kunnen onze dienstverlening vanuit huis prima organiseren, waar we blij mee zijn", seit Hofenk.

Preemje

De Friesland hat in buffer, om eventuele ekstra kosten op te fangen. Al is dit in spesjale tiid, wêryn't mooglik ek de oerheid in hantsje helpe kin. It is dêrom ek noch net te sizzen wat dizze krisis dwaan sil mei de mooglike preemje fan takom jier.

Trefwurden: 
De Friesland coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)