Ald-Ljouwerter IJle Stelstra liedt lanlik team tsjin coronafirus

Om de coronakrisis sa goed mooglik ûnder kontrôle te hâlden, is der in nij krisisteam opset, dat wurket fan in brânwachtkazerne yn Zeist út. It team stiet ûnder lieding fan in Fries om utens IJle Stelstra. Dy komt oarspronklik fan Ljouwert. It team hjit it Landelijk Operationeel Team Corona (LOT-C). Yn dit team wurkje plysje, brânwacht, genêskundige tsjinst, definsje en feiligensregio's gear.
© IFV
Stelstra is gewoanwei algemien direkteur fan it Instituut Fysieke Veiligheid. Ofrûne wike freed waard him frege om lieding te jaan oan it nije team. "Toen duidelijk werd dat we in Nederland te maken zouden krijgen met deze wereldwijde crisis dachten we: hier is maar één antwoord op. Een team samengesteld vanuit de verschillende takken. Zodat iedereen beschikt over de juiste informatie en hulpverleners en professionals daarop kunnen reageren", seit Stelstra.
It belangrykste doel fan it team is dus dat der ferskate tsjinsten beskikke oer de korrekte ynformaasje út it hiele lân wei, bygelyks de beskikbere kapasiteit fan de sûnenssoarch. "Je kan je niet baseren op berichtjes vanuit Facebook en Twitter. Je moet relevante informatie hebben, die valideren we en we zorgen dat die informatie terechtkomt bij de veiligheidsregio's", seit Stelstra. "We hebben dagelijks gesprekken met de veiligheidsregio's, zodat we weten waar zij daar tegenaan lopen."

'Blijven zolang het duurt'

It team wêroan Stelstra lieding jout, bestiet út likernôch 100 minsken. Oer hoe lang dit alles noch duorje sil hat Stelstra gjin idee. "Wij blijven zolang het duurt. Wij wachten ook elke keer met belangstelling de persconferenties van de minister af. Wij blijven hier zitten tot zo lang het nodig is", sa seit Stelstra.