FIDEO: Fryske topsporters oer útstellen fan Olympyske Spelen

25 mrt 2020 - 16:39

It sil je mar gebeure, je wurkje ergens nei ta, mar dan giet it ynienen net mear troch. Dat senario is fan tapassing op in hiel soad Fryske sporters, om't de Olympyske en Paralympyske Spelen mei in jier útsteld wurde. Yn plak fan kommende simmer wurde se no yn 2021 organisearre. Wat betsjut dat foar ús Fryske toppers? It antwurd komt yn de fideo fan turner Epke Zonderland, judoka Tornike Tsjakadoea, hurdfytsers Tristan Bangma en Alyda Norbruis.

(advertinsje)
(advertinsje)