Fryske sikehûzen: "Optimaal voorbereid om patiëntenstroom op te vangen" 

25 mrt 2020 - 16:37

De feriening fan intensive care hat earder dizze woansdei grutte soargen útsprutsen oer it tal beskikbere IC-bêden. Dêr binne al gau net mear genôch fan. Hoe is de situaasje fan de bêden yn Fryslân?

Maatregels tsjin it coronafirus yn it MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

"Het is overzichtelijk, maar het wordt langzaamaan drukker. De rek is er nog niet uit in de vier Friese ziekenhuizen", seit Frits Mostert fan it Ljouwerter sikehûs MCL. Hy hat de opdracht fan it bestjoer krigen om tenei yn it Nederlânsk te antwurdzjen sadat syn ferhaal sa breed mooglik begrepen wurdt.

"We hebben opgeschaald, geplande operaties worden uitgesteld. Er is nu nog genoeg, maar alles verandert snel. We hebben nu twee afdelingen voor coronapatiënten en coronaverdachten en kunnen er nog een aan toevoegen. Ook andere ziekenhuizen doen dat om zo ook ruimte te maken. "

Lanlik wurdt sjoen wêr't romte is om coronapasjinten op te nimmen. "Die planning wordt gedaan in het Erasmus MC in Rotterdam waar het coördinatiecentrum zit." Foar Fryslân docht it MCL dat.

Yn it MCL lizze 8 koronapasjinten op de IC, yn Snits binne dat 2. "Dat is drukker dan anders, maar we kunnen het werk nog aan, collega's van andere afdelingen springen ook bij. We zijn optimaal voorbereid om de patiëntenstroom op te vangen."

Fierder binne der noch tal fan pasjinten dy't fan korona fertocht wurde.

Frits Mostert

Trefwurden: 
sikehûs coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)