Eveneminten by 75 jier frijheid fersobere of in jier ferset

25 mrt 2020 - 16:12

De aktiviteiten by 75 jier befrijing wurde dit jier bot fersobere. Dit betsjut dat de eveneminten yn in oare foarm trochgean sille, of hielendal komme te ferfallen. Dat hat de provinsje bekendmakke.

Foto: Omrop Fryslân

De Provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert sille op in letter momint besjen oft in tal aktiviteiten ek trochskood wurde kinne nei 2021.

Eveneminten dy't net troch geane, binne ûnder oare it befrijingsfestival, de Terugkeer van de Joodse Kinderen, de toanielfoarstelling Skaad, en it teäterstik De Joodse Bruiloft. Kommissaris fan de Kening Arno Brok fynt it tige spitich, mar it is neffens him nedich. "It coronafirus hâldt ús allegearre yn 'e besnijing. Wy moatte der mei-inoar foar soargje dat wy troch dizze krisis komme. Wy moatte ús hâlde oan rjochtlinen."

Neffens Jorrit Volkers, foarsitter fan it befrijingsfestival wurdt it ferpleatsen fan de eveneminten nei takom jier, in grutte útdaging. De kommende tiid sille de belutsen partijen fierder oerlizze.

Jorrit Volkers

"75 plus 1"

"We tochten noch oant it wykein dat it miskein noch trochgean koe, mar no is dúdlik dat it net kin", seit Jorrit Volkers. "We fiere it krekt sa grut as dit jier, mar dan takom jier, dan is it 75 plus 1. Dus ynklusyf alle aktiviteiten lykas de grutte teäterproduksjes as Skaad, de terugkeer van de Joodske kinderen, de Joodse Bruiloft wurde takom jier wer opfierd. We dogge it like grut as we no fan doel binne of miskien noch wol grutter."

Fansels docht it sear sa'n beslút seit Volkers. "In soad minsken wurkje al skoften nei in hichtepunt ta en dan moatte se omskeajkele nei takom jier., mar alle organisaasjes binne dêr al fier mei. It wie makliker doe't it kabinet der dúdlikheid oer joech."

Finansjeel wurdt it dreech, want der binne wol kosten, mar gjin opbringsten. "We hoopje dat we de subsydzjes hâlde meie en dat
oerheden ús stypje."

Deadebetinking

De Deadebetinking op 4 maaie giet yn sobere foarm troch. "Sûnder publyk, der is oerlis oer mei provinsje en gemeente foar de krekte ynfolling. We sille it ûngemurken foarby gean litte."

(advertinsje)
(advertinsje)