Marten Engbrenghof yn Roemenië: "Ik mei de strjitte net mear op"

25 mrt 2020 - 16:01

Yn Nederlân jilde op dit stuit strange regels om fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Mar noch net sa strang as yn Roemenië. Dêr wennet de 69-jierrige Fries om utens Marten Engbrenghof (earder fan Snits).

Foto: Marten Engbrenghof

"Ik mei as 65-jierrige de strjitte net mear op", sa fertelt Engbrenghof fanút syn hûs yn Richis (Reichesdorf) yn it gebiet Transsylvanië yn Roemenië. Allinnich as hy in spesjaal formulier fan it Roemeenske regear ynfolle hat, kin hy syn hûn noch útlitte.

Yn Roemenë like de fersprieding fan it coronafirus earst noch wat ta te fallen. "Mar hjoed wiene der 13 deaden en 144 nije gefallen", sa hat Engbrenghof opsocht. "En der barre nuvere saken. In sikehûs hjir yn it noarden is ticht, omdat dêr 34 dokters en 49 ferpleechsters besmet binne mei it firus".

De maatregels tsjin it firus wurde strang hanthavene troch de plysje, sa sjocht Engbrenghof op strjitte. "De plysje hat hjir al in pear kear by de winkel west, om minsken der op te wizen dat se net byelkoar stean meie. En de boetes binne ferskriklik heech."

Marten Engbrenghof

Trefwurden: 
Roemenië coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)