Bern nei sikehûs nei fal fan dak yn Tytsjerk

25 mrt 2020 - 15:37

Oan de Woelwyk yn Tytsjerk is woansdeitemiddei in bern fan it dak fallen. It bern is mei ûnbekende ferwûnings nei it MCL-sikehûs yn Ljouwert brocht.

Foto: Kijlstra

Op it plak fan it ûngemak die bliken dat it bern goed oansprekber wie en net ferfierd hoegde te wurden mei de traumahelikopter.

Hoe't it bern op it dak kaam is, is net bekend.

Trefwurden: 
Tytsjerk dak Woelwyk
(advertinsje)
(advertinsje)