KwadrantGroep komt mei spesjale rûtes foar meiwurkers yn thússoarch

25 mrt 2020 - 15:36

Thússoarchorganisaasje KwadrantGroep yn Drachten hat alfêst seis rûtes betocht, dy't de meiwurkers folgje moatte, as sy minsken mei it coronafirus helpe moatte. Op elke rûte wurde fjouwer oant seis soarchmeiwurkers ynset dy't dan allinnich dý rûte dogge.

Foto: Google Streetview

Ek hawwe sy in eigen auto dy't allinnich foar dy rûte ynset wurdt. Sa moat foarkommen wurde dat oare klanten besmet wurde. Fierder kinne de mûlekapjes en spesjale brillen op in effisjintere wize ynset wurde.

It is oan de hûsdokter om te bepalen oft in klant yndield wurdt yn de spesjale coronarûte. It giet dan om klanten dy't besmet binne mei it coronafirus of dêr't fan tocht wurdt dat sy it firus mooglik hawwe.

De meiwurkers krije spesjale skelken, mûlekapkes, moffen en brillen, om foar te kommen dat sy sels besmet reitsje.

Jan Maarten Nuijens fan de KwadrantGroep

(advertinsje)
(advertinsje)