Ljouwerter Stefan van der Pal skrast swimalvestêdetocht troch coronakrisis

25 mrt 2020 - 14:32

De swimalvestêdetocht fan atleet Stefan van der Pal út Ljouwert wurdt skrast troch de coronakrisis. Dat hat hy sels niiskrekt bekend makke. It doel wy dat hy tongersdei 2 july úteinsette soe. Hy soe by De Harmonie yn Ljouwert yn it wetter gean, tagelyk mei 111 meiswimmers. De finish soe op snein 5 july wêze.

Van der Pal hat de ôfrûne moannen yntinsyf traind foar de alvestêdetocht. Hy soe nei Maarten van der Weijden de twadde Nederlanner west ha dy't de tocht swimme soe. It plan wie om de noardlike rûte te folgjen, dus earst nei Dokkum.

De 40-jierrige Ljouwerter is in bekend duersporter. Hy hat twa kear de Frysman-triatlon wûn. Ek hat hy fiif kear Noard-Nederlânsk kampioen triatlon op de olympyske ôfstân west. Yn 2019 hat hy de alvestêdetocht dravend ôflein, yn in tiid fan 24 oeren en 53 minuten.

Foto: Omrop Fryslân

Sponsortrajekt

Van der Pal en syn team wienen yn dizze faze noch drok op syk nei sponsoaren, mar troch de krisis koe dat net mear. "We durven het niet eens. Het toont weinig respect als je nu bedrijven gaat vragen om mij financieel te ondersteunen. Dat was al heel snel duidelijk voor ons dat we dat niet moesten gaan doen", seit Van der Pal.

Neffens Van der Pal wie it dan ek gjin opsje mear om de toch te swimmen. "Geen EK, misschien geen Tour de France, Olympische Spelen uitgesteld en dan zal Stefan van der Pal wel even gaan zwemmen. Dat kan gewoon niet", seit de duersporter.

Tocht yn 2021?

Oft Van der Pal yn 2021 wol sil besykje te tocht te swimmen wit er noch net. "Op dit moment ben ik daar eigenlijk niet mee bezig. Ik heb altijd gezegd 2020 is mijn jaar. Ik ga het daarna niet nog een keer doen", seit Van der Pal. "2021 betekent nog een jaar heel hard werken voor m'n vrouw en mij. Het betekent ongelooflijk veel voor ons als gezin. Ik heb een dag vrij. Er zijn collega's die extra taken op zich nemen zodat ik mijn tocht kan doen. Ik moet daar heel goed over nadenken of dat überhaupt mogelijk is."

"Ik moet eerst even de teleurstelling verwerken en deze tijd moet eerst gewoon voorbij. Misschien zitten we hier volgend jaar nog wel middenin met de bedrijven die nog aan het opkrabbelen zijn. Dan kun je alsnog niet vragen aan bedrijven om mij financieel te ondersteunen. Dus het wordt kijken wat het allemaal gaat doen, met de bedrijven en iedereen om ons heen", sa seit Van der Pal.

Stefan van der Pal oer it skrasse fan de alvestêdetocht

(advertinsje)
(advertinsje)