Tal posityf teste coronapasjinten yn Fryslân mei in kwart tanommen

25 mrt 2020 - 14:26

De GGD hat yn Fryslân tolve nije minsken registrearre, dy't besmet binne mei it coronafirus. Dat hat de GGD woansdei bekend makke. Net earder kamen der safolle positive tests yn ien dei nei foaren yn Fryslân. It totaal tal registrearre coronapasjinten yn Fryslân is dêrmei mei mear as in kwart oprûn, fan 42 oant 54.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

It tal posityf teste Friezen mei it coronafirus seit net safolle oer de fierdere fersprieding fan it firus. Lang net alle minsken dy't symptomen fan corona hawwe, wurde test. Wol is dúdlik dat der de ôfrûne 24 oeren tolve minsken bykommen binne, dy't posityf test binne op it coronafirus.

Under har is in meiwurker fan it Antoniussikehûs yn Snits, dy't resintlik posityf test is op it firus.

Trefwurden: 
GGD coronafirus besmettingen
(advertinsje)
(advertinsje)