Keunststofspesjalist drok mei produksje plestik skermen supermerken

25 mrt 2020 - 14:15

Keunststofspesjalist Pyrasied út Ljouwert hat it op dit momint smoardrok mei it meitsjen fan plestik skermen foar supermerken. De skermen binne bedoeld foar by de kassa's fan de supermerken Albert Heijn, Jumbo en de Makro.

Dit hat fansels alles te krijen mei it coronafirus en de feiligensmaatregels. Troch it skerm bliuwt der in feilige ôfstân tusken de kassa-meiwurker en de klant.

Earder dizze wike rieden frachtweinen op en oan by it bedriuw Pyrasied. En ek woansdei stienen der wer frachtweinen klear om de plestik skermen rjochting de supermerken te ferfieren.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma gie by direkteur Sander de Boer fan Pyrasied del

(advertinsje)
(advertinsje)