Jouster famylje rêdt it thús prima: "As ik út it wurk kom, is alles al oan kant"

Wat dogge je as húshâlding, mei meardere bern, op dizze corona-dagen? De bern binne net nei skoalle, en binne dus thús. Mar hoe giet dat nei in tal dagen? Of nei mooglik noch hiel wat wiken?
Jouster gezin maakt het thuis goed
Ferslachjouwer Onno Falkena heart by de famylje Pasveer op De Jouwer, besteande út heit Freerk (klokmakker), mem Siebrecht (wurket yn de âldereinsoarch), de twilling Fredrik en Marrit en de jongste Jant.
"It giet prima, elk docht syn eigen ding", fertelt heit Pasveer. "Der is inkeld wat krapte op de wifi, want alle bern moatte it skoalwurk online dwaan. Moarns meitsje se it húswurk en middeis geane se der faak wol even op út, wol op ôfstân fansels. Mar fan spanning is gjin sprake."

Facetime

De jongste dochter Jant fynt it net leuk dat se net nei skoalle kin, mar fia Facetime sjochst se har klasgenoaten wol.
Jûns is ek elk thús. "Dat is oars net sa, want dan binne der klups of ferieningen dêr't se hinne moatte, mar dat kin no net", seit heit.
Sels is er klokmakker. De saak is om 'e hoeke, mar hy is no mear thús. As syn frou thús is, giet hy nei it wurk. Dy frou wurket yn de soarch. Se krijt in oare baan: "Dat bin ik no yn in brief nei myn âlden oan it skriuwen, want ik gean der no net hinne."

Help yn de húshâlding

Se fynt it wol noflik dat de bern thús binne. "Dan kom ik thús fan it wurk en dan stiet de kofje of tee al foar my klear. Dat is wol bysûnder, se helpe mei yn de húshâlding. As ik út it wurk kom, is alles al oan kant."
En tinkt de famylje dit noch wol even fol te hâlden? "Ja hear, we rêde dit wol op."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Ferslachjouwer Onno Falkena sjocht by de famylje Pasveer