Iepenbier Ministearje hellet webwinkel mei mûlekapkes út de loft

It is it Iepenbier Ministearje yn Noard-Nederlân slagge om in webside út de loft te krijen, dêr't mûlekapkes tsjin it coronafirus op oanbean waarden. De mûlekapkes waarden nea levere. It OM yn it Noarden hie dêrfoar in fersyk dien oan in webhoster yn Amearika.
Mûlekapkes © ANP
It Iepenbier Ministearje wie dizze wike úteinsetten mei in ûndersyk nei de oplichtingsside. In frou út Hong Kong betelle 28.000 euro foar in partij mûlekapkjes, mar kaam der letter op dat sy neat krige. Sy hat oanjefte dien.
De webside brûkte de gegevens en it BTW-nûmer fan in besteande gruthannel yn Noard-Nederlân, dat hielendal neat mei saak te krijen hat. Dit bedriuw hat ek oanjefte dien. Op de webside waarden ek allegear oare produkten oanbean.
It Iepenbier Ministearje makket net bekend fan hokker bedriuw de gegevens brûkt waarden, of wêr't dat bedriuw wei kaam. Dat soe foar ekstra skea soargje kinne.

Grutte bedraggen

It Iepenbier Ministearje yn Noard-Nederlân warskôget foar dit soart foarmen fan online oplichting. Omdat it giet om in side fan in gruthannel en dus oer grutte oantallen produkten giet it ek gau om grutte bedraggen.